Pier21 nei De Emigrant ek mei Jameimy nei Kanada
Ljouwert - Nei de ôfrûne trije wiken njoggen suksesfolle foarstellingen fan De Emigrant foar 2000 besikers yn Ontario, Kanada, spile te hawwen, wol Pier21 oar jier op ‘e nij nei Kanada, no mei teaterfoarstelling Jameimy fan Klaasje Postma en Freark Smink. Klaasje Postma spile mei Tryater earder de suksesfoarstelling Rolling Home yn Ontario, Kanada. De foarstelling hjitte dêr Beppe Tryntsje.

De Emigrant is yn Kanada sa goed ûntfongen dat produsint David Lelieveld fan Pier21 ek graach Jameimy oan it Kanadeeske publyk sjen litte wol. ‘It publyk wie sa út de skroeven. Freark Smink, Theo Smedes en ik hawwe fantastyske reaksjes hân. Fan ‘wonderfull’ oant ‘ jullie hebben ‘heart strings’ geraakt’ en ‘it truly felt like home’. En dêr dogge je it foar, dat wie ús dream doe’t wy begûnen mei Pier21’.
Jameimy is yn novimber foar it lêst te sjen yn Fryslân, no yn de grutte Fryske teaters. De Emigrant is fan jannewaris oant maart 2014 wer rûnom yn Fryslân te sjen. Yn 2015 komt Pier21 mei in nije produksje, mei de wurktitel ’70 jier frij’. It stik is skreaun troch Bouke Oldenhof en wurdt regisearre troch Jos Thie, Joop Wittermans en Freark Smink spylje de haadrollen.













