Cultuur en uitgaan

Voorstelling De Emigrant wellicht naar Canada

Ljouwert - Ein juny meitsje produsint David Lelieveld en akteur Theo Smedes, oprjochters fan stichting Pier21, in reis nei Kanada om dêr mooglike spylplakken foar foarstellingen fan teaterfoarstelling De Emigrant einseptimber 2013 te besjen. Begjin 2014 komt de foarstelling werom yn teaters en sealen yn Fryslân. De spyldata folgje, kaartferkeap ferrint fia de teaters en sealen sels, fan de start fan de foarferkeap foar it nije seizoen ôf.

Afbeelding
Stichting Pier21 is in troch teaterprodusint David Lelieveld en akteur Theo Smedes oprjochte stichting dy’t teaterfoarstellingen produsearret. Pier21 hat de ambysje har foarstellingen ek yn it bûtenlân te spyljen De namme fan de stichting komt fan it plak dêr’t Nederlânske emigranten yn Kanada oan lân kamen: Pier nûmer 21 yn Halifax. It bestjoer fan stichting Pier21 bestiet út Hylke Speerstra, Henk Hoen en Jan Jongsma. De Frysktalige teaterfoarstelling De Emigrant, skreaun en regissearre troch Romke Toering foar stichting Pier21, fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas (Freark Smink), in emigrant dy’t goed fyftich jier lyn yn sân hasten de oséaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân, mar it is him slagge om in ridlik grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen. De Haas hat noait wer nei it heitelân werom west. Hy woe net, seach der tsjin oan, wie der faaks wol bang foar. No’t er út it wurk is, is der gelegenheid om oan de winsk fan syn ferstoarne frou te foldwaan: hy makket in trip nei syn roots yn ‘e Greidhoeke. De soan (Theo Smedes) sil him foar it earst mei de melkerij rêde. Twa aventoeren tagelyk. De reis nei it heitelân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend.

It idee en inisjatyf foar De Emigrant komme fan David Lelieveld. De tekst is skreaun troch Romke Toering, dy’t de foarstelling ek regissearret. De rollen binne foar Freark Smink en Theo Smedes. Yn de foarstelling binne lietteksten fan Baukje Wytsma, op muzyk setten troch Clara Rullmann en songen troch Frederike Kleefstra, te hearren. Hans Brans joech fanút Keunstwurk dramaturgysk advys. Hadewych ten Berge ûntwurp it dekôr en de kostúms. It advys op it mêd fan de projeksjes yn ‘e foarstelling is fan Ekko de Bakker, it ljochtûntwerp fan Koos de Vries, it kap- en grimeadvys fan Arjen van der Grijn. (foto Jan Bensliman)

Afbeelding