De Foarstelling: In bûnt selsportret fan en troch it Fryske amateurtoaniel
Yn 2018 bestie de Stichting Amateurtoaniel Fryslân(STAF) 100 jier, mar fanwege it drokke Kulturele Haadstêd jier, waard foar de jubileumfoarstelling útwykt nei dit jier. It is in reisfoarstelling, dy’t net allinne yn it Posthuis te sjen is, mar ek yn De Skâns op ‘e Gerdyk (2 novimber), De Koornbeurs yn Frentsjer (8 novimber), De Hege Fonnen op ‘e Lemmer (9 novimber), Theater Sneek yn Snits (15 novimber) en Sense theater yn Dokkum (16 novimber) Kaarten binne te besetten fia www.vanplan.nl

Under lieding fan regisseur Tineke Broers (Burgum) en muzikaal lieder Tseard Nauta (Baard) kaam De Foarstelling yn mear as oardel jier ta stân. Ynformaasjejûnen, harsenskrab-sesjes, lêsrepetysjes ensafuorthinne giene oan it skriuwproses foarôf. Skriuwers Geert Hager, Tseard Nauta, Tineke Broers en Greetje Klaren basearren de lietsjes en sênes op ferhalen en opmerkings fan amateurtoanielspilers en karmasters út Fryslân. Der waard moannenlang repeteard yn in loads yn Nij Beets.
Sa ûntstie in foarstelling mei in grut ferskaat oan sênes en lietsjes, mei it proses fan it kommen ta in toanielfoarstelling as reade tried. It dekôr is makke troch Jaap Groen (De Sweach) en bestiet út stuollen, ferskillend yn grutte en hichte. Eftergrûn derfoar is dat by de measte toanielrepetysjes yn it begjin de stoel brûkt wurdt as ‘stand-in’ foar alle meubels, doarren en dekorstikken dy’t letter yn de foarstelling brûkt wurde.
De live band bestiet út Tseard Nauta, Jan Zeldenrust en Thys Wadman.
De kostúms binne betocht en makke troch Outfit Toneelkleding (Carla Busscher) fan Burgum en de kap en grime wurdt fersoarge ûnder lieding fan Anna Doornbos (Drylts). De technyk is yn hannen fan Diamond Sound Systems (De Jouwer), produksjelieding Francien Bolhuis (Frentsjer).
Der dogge 18 amateurtoanielspilers rûnom út Fryslân oan mei. (Sjoch foto)
Mear ynformaasje is te finen op de facebookside De Foarstelling.











