Sertifikaat twatalich wurkjen Pjutte-opfang ‘De Beltsjeblom’ yn Wâldsein
Wâldsein-Pjutte-opfang De Beltsjeblom yn Wâldsein wurket al sûnt 2007 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn it ferline hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Elke trije jier wurdt op ‘e nij besjoen oft der noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. By De Beltsjeblom wie dat wer sa en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ op ‘e nij foar trije jier ferlinge.

De Beltsjeblom en twatalichheid
Pjutte-opfang De Beltsjeblom is ûnderdiel fan de organisaasje Thuis-bijThea. Dy organisaasje fersoarget berne-opfang en pjutte-opfang yn Súdwest Fryslân en hawwe ek in lokaasje yn Dokkum. Alle acht lokaasjes wurkje mei in twatalich belied.
It twatalich belied sjocht der by De Beltsjeblom as folget út: pedagogysk meiwurksters Immy, Annelies en Marjan prate allegear konsekwint Frysk mei elkenien. Foar it Nederlânsk is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare.
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Beltsjeblom west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘Neist de middels en metoaden witte de liedsters ek mei harren ynteraksje in goed taalaanbod te kreëarjen. Bygelyks as Marjan tegearre mei in ‘jarige job’ syn jierdeihoed meitsje sil. In groepke âldste pjutten wolle spontaan meidwaan. En ek knippe en plakke. Dat mei. Al nifeljend ferwurdet Marjan de hannelingen en wreidet se op natuerlike wize taaluteringen fan de bern út.’ Yn har einkonklúzje omskriuwt de kommisje: ‘Op alle nivo’s is it taalbelied boarge. Yn ‘e útstrieling, ynrjochting, mei de middels en materialen, yn ‘e observaasjelist, yn ‘e ynteraksje mei de bern en de kommunikaasje nei de âlders ta, mar ek yn de formelere saken as it pedagogysk wurkplan of by it oanlûken fan nije kollega’s.’
By it sertifisearringstrajekt krijt De Beltsjeblom begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.







