Sânman & Sikke yn Skearnegoutum
It repertoire kin sûnder mis breed neamd wurde; it grut ferskaat oan stilen, fan barbershop oant Beatles en fan gospel oant Westcoast, soarget derfoar dat it publyk him net in tel ferfele hoecht. Ek de eigen Frysktalige nûmers en de ynformele, relativearjende presintaasje drage yn wichtige mate by oan de identiteit en de útstrieling fan de groep. Ut de reaksjes tidens optredens yn de provinsje (mar ek dêrbûten) yn doarpshuzen, tsjerkjes en teaters, hat wol bliken dien dat de sound fan Sânman & Sikke by in breed publyk yn de smaak falt. De mannen wurde ek geregeld frege foar oare muzikale útstapkes. Sa ha se bygelyks meiwurke oan teaterfoarstellings, de achtergrûnsang fersoarge by de film ‘De hel fan 63’ en it byhearrende nûmer ‘De hel foarby’ fan De Kast en meiwurke oan in nijjiersrevue fan Rients Gratama. Mei Frederike Kleefstra is in programma ûntwikkele wêryn’t de sjongeres harsels fan in hiel oare kant sjen lit. It nûmer Whisky Widzesang is ien fan de ferskes dy’t dêrút ûnstien is.

Sânman & Sikke is út en troch ek te gast by ien fan de Fryske Kriten, dy’t oer it hiele lân ferspraat binne. Ek kombinaasjekonserten mei bygelyks fanfares, korpsen, brassbands, bigbands, oare koaren en ferhalefertellers komme geregeld foar. De krystkonserten fan Sânman & Sikke (meastal om it jier) binne alle kearen wer bysûndere publykslûkers.
Boarne: www.skearnegoutum.nl







