Cultuur en uitgaan

Stifting Aaipop nimt maatregels mei it each op in waarme festivaldei

Stifting Aaipop ferwachtet sa’n 2.500 besikers op harren jierlikse Frysktalige muzykfestival. Mei in line-up fan fyftjin bands en it nije berneprojekt Aaikepop hopet de organisaasje wer op in slagge dei. Foar yntreekaarten kin men terjochte by de ferkeapadressen yn Nijlân en yn Boalsert en ek fia www.aaipop.frl binne kaarten te krijen.

Afbeelding
Nijlân – Peaskemoandei set Aaipop útein mei alwer de 32ste edysje. Stifting Aaipop sil ekstra maatregels nimme mei it each op de waarme Peaskedei. Op it terrein sille wetterpunten oanlein wurde en der sil in foarried wetter ynslein wurde dat te heljen is by de konsumptjebarren. Ek sil de E.H.B.U. alert wêze op de waarmte.
Afbeelding