Fuort Mar Los Jongereintoaniel Easterein spilet: Ronja de Rôversdochter!
Wy sille jim meinimme nei in lang ferline tiid doe’t it libben rûch wie en fol gefaar mar mei tema’s dy’t wy hjoed de dei noch altyd herkenne. We sille foar jim sjonge en dûnsje yn in grut dekor en nije dingen útprobearje dy’t wy sels ek tige spannend fine. It belooft in hiel spektakel te wurden!

It is in stik fan Astrid Lindgren en de rezjy en bewurking is yn hannen fan Theresia Zeinstra mei help fan Ilke van Wermeskerken.
Spilers, rezjy en bestjoer fan it jongereintoaniel, nûgje jim allegearre fan herte út te kommen nei ús útfiering fan “Ronja de Rôversdochter”!
De útfieringen binne op freed 29 maart om 19:30 oere en sneon 30 maart om 19:30 oere yn de seal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein, Sibadawei 2 te Easterein. Eltsenien is fan herte wolkom foar in noflike jûn.
De tagong kostet € 5,00 foar folwoeksenen en €3,- foar de bern . Op beide jûnen is der in ferlotting mei moaie prizen.













