Fryske Foarlêswike 3 o/m 7 juny 2019: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten
Fryske Foarlêswike

Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn Súdwest-Fryslân:
Deputearre Sander de Rouwe lêst foar op freed 7 juny fan 9.00 – 10.30 oere by pjutteboartersplak / bernedeiferbliuw de Bron yn Boalsert
Wethâlder mefrou Stella van Gent giet freed 7 juny om 11.00 oere nei peuteropfang de Windbreker lokaasje yn de Zwetteskoalle Snits
Boargemaster mefrou Jannewietske de Vries lêst foar op moandei 3 juny om 9.30 oere op pjutteboartersplak Us Sté yn Warns
Mefrou Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke ferhaaltsjes, lêst foar op tiisdei 4 juny om 11.00 oere op pjutteboartersplak Kiekeboe yn Himmelum
Riedslid Sicco Rypma sil foarlêze woansdei 5 juny om 9.30 oere yn pjutteboartersplak It Ketternest yn Starum











