Cultuur en uitgaan

Gerben Rypma Toochdagen en Feiling

Der is ek in permaninte tentoanstelling dizze dagen; mei wurk fan Snitser Theo Jaasma, Dryltser Jan Reus, Blauhúster Bauke Hobma en de skilderijen dy’t dizze simmer mei de skilderdei yn it fjild op Idzegea makke binne.

Afbeelding
Blauhûs-  Sneon 12 en snein 13 oktober binne der middeis yn kafee de Freonskip fan Blauhús saneamde Gerben Rypma Toochdagen. Ien fan de doelen is nij wurk fan de skilder dichter Gerben Rypma (1878-1963) te ûntdekken en te registearjen. Keunstskilder Martin Sijbesma giet it wurk beoardielen en jout advys. Der binne al sa’n 30 skilderijen oanmelden, mar minsken mei ek spontaan komme. De ynbrochte skilderijen wurde, salang de eigners op de Toochdagen binne, útstald op in spesjale wand. Sa ûntstiet der in ‘libbene’ útstalling.

De Toochdagen wurde sneins 16.00 oere ôfsluten mei in feiling fan Gerben Rypma skilderijen en materiaal út eardere tentoanstellingen, sa as grutte fotopanelen en lyts guod. Dit is beide dagen earst te besichtigjen. Yn de ‘Gerben Rypma Keamer’ fan it kafee is de tentoanstelling ‘Huzen mei in ferhaal’ iepen dizze dagen.

De Gerben Rypma Stifting is 20 jier lyn oprjochte. De earste aktiviteit wie in grutte skilderijen-tentoanstelling yn Blauhús. Yn de rin fan de jierren binne der ferskate oare aktiviteiten by kommen; sa as de kulturele kuiertocht fan ein oktober, konserten, tentoanstellingen yn de Gerben Rypma Keamer, lêzingen, de midsimmerjûn en in útjouwerij fan Fryske boeken.

Toochdagen. Sneon 12, snein 13 oktober 2019 | Fan 12.00-17.00 oere Kafee de Freonskip Blauhús

Afbeelding