Cultuur en uitgaan

Gerben Rypma Hikke ûnthuld

Ans Galama út Wommels ûntbleate, as fêste dielnimmer oan de jierlike kulturele kuier fan de Blauhúster Gerben Rypma Stifting, dit bysûndere keunstwurk. De hikke ferbynt de rike natoer fan Fryske Gea gebiet ‘De Ryp’ mei de bysûndere libbenswize fan de skilder, dichter Gerben Rypma dy’t hjir syn ynspiraasje fûn.

Afbeelding
Aldegea - Sûnt freed is der in Gerben Rypma Hikke oan it Brekkenpaad by Aldegea. Op ien fan de hikkepealen stiet in Tsjirkje fan keunstner Hans Jouta en op de hikke ‘ik fiel my hjir sa rom en frij’ út ‘Wetterlannen’ fan dichter Gerben Rypma (1878-1963).

De kulturele kuier wurdt jierliks ein oktober mei hjerstwaar organisearre. Ditkear gie it oer polderdiken rûnom de Blauhúster Puollen, der wie twa kear in oerset mei boerepream en oandacht foar lokale ferhalen en biologysk buorkjen. It wie in lang koestere winsk fan de Gerben Rypma Stifting om in noflik plakje oan de Brek te meitsjen wêr minsken efkes ta rêst komme kinne.

Dat is ek de reden dat de Gerben Rypma Hikke ienfâldich hâlden is. Jo kinne efkes fan de fyts stappe, jo del jaan op it bankje of,  krekt as Gerben Rypma die, oer de hikke hingje om te genietsjen fan de stilte en de rike natuer.

Foto: Sicco Rijpma

Afbeelding
Afbeelding
Afbeelding