Snekers yn De Emigrant
Snits - Op woansdei 27 maart om 20:15 oere spylje Freark Smink en Theo Smedes teaterfoarstelling De Emigrant fan stichting Pier21 yn Theater Sneek yn Snits. Kaarten binne te bestellen fia www.theatersneek.nl of 0515-430580. De foarstelling is oant en mei 11 maaie rûnom yn Fryslân te sjen, bygelyks ek op 3 april yn Drylts en op 26 april yn Ysbrechtum.

Stichting Pier21 is in nije, troch teaterprodusint David Lelieveld en akteur Theo Smedes oprjochte stichting dy’t teaterfoarstellingen produsearret. Pier21 de ambysje har foarstellingen ek yn it bûtenlân te spyljen De namme fan de stichting komt fan it plak dêr’t Nederlânske emigranten yn Kanada oan lân kamen: Pier nûmer 21 yn Halifax. It bestjoer fan stichting Pier21 bestiet út Hylke Speerstra, Henk Hoen en Jan Jongsma.
It idee en inisjatyf foar De Emigrant komme fan David Lelieveld. De tekst is skreaun troch Romke Toering, dy’t de foarstelling ek regissearret. De rollen binne foar Freark Smink en Theo Smedes. Yn de foarstelling binne lietteksten fan Baukje Wytsma, op muzyk setten troch Clara Rullmann en songen troch Frederike Kleefstra, te hearren. Hans Brans joech fanút Keunstwurk dramaturgysk advys. Hadewych ten Berge ûntwurp it dekôr en de kostúms. It advys op it mêd fan de projeksjes yn ‘e foarstelling is fan Ekko de Bakker, it ljochtûntwerp fan Koos de Vries, it kap- en grimeadvys fan Arjen van der Grijn.
Ta gelegenheid fan de premjêre fan De Emigrant binne nije printingen fan It wrede paradys en De treastfûgel fan Hylke Speerstra by útjouwerij Bornmeer ferskynd. De oplage fan It wrede paradys, ít boek oer emigraasje, giet dêrmei oer de 50.000 eksimplaren. Yn de nije printinge is ek It ferfolch, de oanfulling op It wrede paradys, opnommen. De boeken binne ûnder mear te keap by de foarstellingen fan De Emigrant. (Foto Jan Bensliman)













