Betinkingsstik twadde produksje van Pier21
Ljouwert - Nei oanlieding fan de 75-jierrige betinking fan de ynfal fan it Dútse leger en de 70-jierrige betinking fan de befrijing bringt Stichting Pier21 yn de maitiid fan 2015 in nije teaterproduksje. Tema fan it projekt, dat de foarlopige wurktitel 70 jier frij hat, is de fraach nei de needsaak fan betinken en de hâldberheid fan fijânsbylden.

Freark Smink en Joop Wittermans spylje de beide haadrollen. Jos Thie regisearret de nije Fryske tekst fan Bouke Oldenhof. De foarstelling sil yn maart, april en maaie 2015 by de grutte en lytsere sealen yn de provinsje del reizgje.
70 jier frij is it twadde stik dat produsearre wurdt troch David Lelieveld foar Stichting Pier21. Pier21 brocht ôfrûne maaitiid De emigrant, dat mei 34 meast útferkochte foarstellingen 8500 taskôgers luts. De emigrant wurdt dizze hjerst yn Kanada spile, de foarstelling komt yn jannewaris, febrewaris en maart 2014 werom yn de Fryske teaters en sealen. De emigrant waard skreaun en regisearre troch Romke Toering en spile troch Freark Smink en Theo Smedes. (Foto Jan Bensliman)













