Nije direkteur Afûk
Alex de Jager, berne yn 1965 yn Fryslân, is op dit stuit noch direkteur ‘externe betrekkingen’ en strategysk relaasjebehearder by Hogeschool Inholland yn Alkmaar. De Jager hat altyd, yn ferskillende funksjes, yn it heger ûnderwiis wurke. Reade tried dêryn wie it strategysk belied en management. Alex de Jager is doktorandus yn de Nederlânske taal- en letterkunde mei as spesjalisaasje taalkunde.














