Frysk by Fonteinen
FNP riedslid Douwe Blom: “de measte besikers komme hjir foar de kultuer; dan is it logysk dat se ek de Fryske taal meikrije”. Omdat der by 11Fountains al in plan wie nije boerden te ûntwikkeljen, wurdt it Frysk no ien op ien meinommen. Der komme in protte minsken op de fonteinen ôf, eltsenien profitearret dêr fan. Douwe Blom: “Sa is allinnich al yn myn eigen wenplak Drylts, nei de komst fan de fontein, it tal besikers oan de monumintale mûne yn de stêd ferdûbele”.

Wat de FNP yn SWF oanbelanget komme de meartalige boerden der sa gau as mooglik.













