Cultuur en uitgaan

Solisten strjitopera Tryater bekend

Ljouwert - Foar de stedske strjitopera De IIskeninginne nei it mearke fan Hans Christian Andersen, dy’t Tryater yn ‘e maaityd fan 2014 spilet yn Ljouwert, is mezzosopraan Janneke Schaareman (û.o. Opera Zuid) casten foar de rol fan iiskeninginnne. Fryske tenor Albert Bonnema hat de rol fan de boaze buorman. Sopraan Wiebke Göetjes spilet de buorfrou/blommefrou. Yn de produksje is noch plak foar 100 koarleden. De audysjes wurde holden op 5 en 14 oktober, mear ynfo op www.tryater.nl.

Afbeelding

Yn de maaityd fan 2014 wurdt Ljouwert in ûnbekende, betoverjende kant fan de stêd gewaar. Yn de hertferwaarmjende strjitopera De IIskeninginne stiet de krêft en de skjintme fan de minslike stim sintraal. Oant 21 septimber binne de kaarten te keap foar de simmerpriis. De prizen stiigje mei it seizoen.

De strjitopera start foar it nije Fries museum, giet dwers troch de stêd en einigt by Stadsschouwburg De Harmonie. Sang en spraak, Frysk en Nederlânsk wikselje inoar ôf yn dizze lokaasjefoarstelling.

Regisseur Ira Judkovskaja waard ynspirearre troch it mearke Snedronningen fan de Deenske dichter en skriuwer Hans Christiaan Andersen (1805-1875). Krekt 170 jier neidat hy it mearke skreau, komt it op ‘e nij ta libben. In tapasliker dekor as in stêd is hast net tinkber. Want Andersen sei ea: “In mearke? Jimme wolle in mearke? Wêrom, de stêd is al in mearke”.

Afbeelding