Tryater spilet Thúsfront yn Toppenhúzen
Oppenhuizen - Tryater spilet op woansdei 25 febrewaris om 20:00 oere de foarstelling Thúsfront, skreaun troch Romke Toering, yn MFC It Harspit yn Toppenhúzen. Kaarten binne te keap fia 0515-559666 en www.tryater.nl. Thúsfront is meikoarten ek te sjen yn Heech (11 maart), Snits (25 maart) en De Hommerts (26 maart). De Leeuwarder Courant skreau: ‘In spannende, oangripende foarstelling oer minsken dy’t by ús om ‘e hoeke wenje’. It Friesch Dagblad skreau: ‘Hertstochtlike foarstelling’.

Skriuwer Romke Toering hat yn de ôfrûne jierren oan in protte keukentafels sitten om de ferhalen fan âlden te hearren en op te tekenjen. De keukentafel is it plak dêr’t in soad famyljesaken en ûnderwerpen bepraat wurde. No mei it publyk oanskowe en de persoanlike ferhalen fan âlden en bern fan tichtby meimeitsje. Thúsfront is yn it foarige seizoen - as in teatrale lêzing - presintearre yn de Sneak Previews. Dat rôp in protte waarme reaksjes op, ek fan minsken sûnder bern as militêr.
Trije jongens nimme ôfskied fan harren thús, de âlden swaaie de jonge beropsmilitairen út… Sa’n momint hat ynfloed op de ferhâlding tusken âlden en bern. As in bern bygelyks kiest foar in baan yn it bûtenlân, is dy feroaring en dêrmei ek de ynfloed op it gesin, grut, mar as in bern kiest foar in militêr bestean, hat dat noch folle mear ympakt. En as it dan ek noch útstjoerd wurdt nei in oarlochsgebiet dan stiet it gesin op ‘e kop. Yn folle rapper tempo as gewoanwei moatte se it loslitte. En altyd spilet dy sintrale fraach: wêr is it goed foar en is it de muoite wurdich?
De tekst fan Thúsfront is skreaun troch Romke Toering, basearre op wierbarde ferhalen út it noarden fan Fryslân. Silvia Andringa (ek: Untsnapping nei it Fiere Easten en Holes fan Tryater op Oerol 2015) regissearret de foarstelling, dy’t spile wurdt troch Lourens van den Akker, Thijs Feenstra, Nynke Heeg, Lysbeth Welling en Lianne Zandstra. Romke Gabe Draaijer en Raymond Muller komme foarby op film, makke troch Freya en Sarah Eshuijs. Udo Thijssen die it dekôrûntwerp, Hadewych ten Berge it kostúmûntwerp en Henk van der Kooi it ljochtûntwerp.
Regisseuse Silvia Andringa: ‘Thúsfront fertelt de ferhalen fan gewoane minsken, dy’t yn bysûndere omstannichheden komme. Oer âlden en bern dy’t har yn koarte tiid los fan mekoar meitsje moatte. Net om’t se dêr oan ta binne, mar om’t de omstannichheden har dêr ta twinge. Heit en mem wurde troch har folwoeksen bern foar it blok set. Bern dy’t troch de âlden idealisearre wurde of just ferstikt. En allegear mei de bêste bedoelingen. Net ien mient it ferkeard en dochs dogge se mekoar sear. Der is moed foar nedich om ien los te litten en in eigen kar meitsje te litten. Dat gefjocht rekket my.’













