Cultuur en uitgaan

De Koma-Korrektor, debútroman fan Baukje Zijlstra

Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy’t Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske ‘nee’ seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.

Afbeelding
Snits- Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr by in aksje in befel wegere. Wylst Siemen - fertize yn hallusinaasjes - yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.

Oer de skriuwster

Baukje Zijlstra (1967) is redakteur en skriuwer, en hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh, Friesch Dagblad en Revisor. Se hat ferskate prizen wûn foar har ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis. De Koma-Korrektor is har debútroman.

Boekgegevens

De Koma-Korrektor

Auteur: Baukje Zijlstra

ISBN: 9789492176806

Utfiering: paperback

Ferkeappriis: € 17,50

Siden: 254

Afbeelding