Snits-Ferline jier waard op 4 oktober – Bistedei – it earste eksimplaar fan
Teltsjes fan Tellegen (Utjouwerij Regaad) útrikt oan Toon Tellegen (foto), dy’t doe foar dy gelegenheid nei Ljouwert kaam. De earste printinge wie lykwols al rillegau útferkocht, ek om’t it boek it goed die yn de saneamde ‘sutelaksjes’. Dêrom kundiget Regaad eksakt ien jier letter, op Bistedei 2018, de twadde printinge oan fan dit moaie berneboek. De twadde printinge fan
Teltsjes fan Tellegen sil fan 22 novimber 2018 ôf te krijen wêze.
Foto: Mariëlle Gebben