Tryater ‘Aan Tafel’ by Lewinski: ‘Wat wol Snits?’
Snits- Yn in tiid dat elkenien oeral wat fan fynt, alle mieningen meitelle moatte, mar se ek hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: In jûn foar elkenien; de ideale teaterjûn!

Tryater spilet Wat jo wolle, in moderne revue! Kom foar in âlderwetsk moaie jûn fuort nei dizze foarstelling om te sjen nei topspilers dy’t rap skeakelje tusken emoasjes en sketches. Yn Snits op 1 desimber yn Theater Sneek, om 2015 oere.
Yn de teaters is live Nederlânske boppetiteling oanwêzich.
Ekstra: ferdjippingprogramma by Wat jo wolle yn Snits
Tryater ‘Aan Tafel’ by Lewinski – ‘Wat wol Snits?’
Nei de súksesfolle edysje fan ferline jier giet Tryater op ‘e nij ‘ Aan tafel’ yn kulinair debatkafé Lewinski yn Snits. Skow oan foar it ‘menu fan de dei’ en gean yn petear mei Stelle van Gent, Harm van Dijk en Aly Bruinsma oer de tematyk fan ‘Wat jo wolle’
Kin elkenien krije wat hy of sy wol? Elkenien fynt wat en wol wat, mar hoe kinne we dy mieningen by mekoar bringe sadat elkenien tefreden is.
WANNEAR: moandei 20 novimber, 18:00 diner, 19:30 petear
WAT: Stella van Gent, Harm van Dijk, Aly Bruinsma yn petear oer Wat wol Snits?
WêR: Lewinski, Waterhoenstraat 2, Sneek
ENTREE: It programma is fergees; it diner kostet 12,50







