Cultuur en uitgaan

Tsjippy leart de natuer kennen yn nij Frysk berneboek

SIBRANDABUORREN – By útjouwerij Elikser is it nije Fryske berneboek Tsjippy syn fliesirkus ferskynd. It boek is skreaun troch Verena Koppel út Sibrandabuorren en oerset nei it Frysk troch Ytsje Steen-Buwalda út Boalsert. It ferhaal is bedoeld foar bern fan 6 oant en mei 8 jier.

Afbeelding
Uitgeverij Elikser

Yn it boek helpt Tsjippy syn heit mei oprêden. As er in fergrutglês fynt en dêrmei nei de kikkertsfiskjes yn syn amer sjocht ûntdekt er in hiele nije wrâld. De lytse bistkes lykje de meast bysûndere keunstkes út te heljen. Tsjippy tinkt earst dat er toverje kin. As syn heit letter in âlde sirkuskoffer fynt, krijt Tsjippy in idee: hy wol syn eigen fliesirkus begjinne.

Dat blykt lykwols minder maklik as tocht. De natuer lit him net stjoere en de bistkes dogge net altyd wat Tsjippy wol. Frustrearre wol er opjaan. Mei help fan syn heit ûntdekt er lykwols dat je de natuer net hoege te behearskjen om der fan te genietsjen of der wat moais mei te meitsjen.

Skriuwster Verena Koppel hat in lange skiednis yn de wrâld fan berneboeken. Se wurke jierrenlang as jeugdbibliotekaresse en wie tweintich jier eigeneresse fan berneboekhannel Bolleboos yn Snits. Neist it skriuwen fan boeken jout se ek teäterfoarstellings mei har eigen Poppeteater Bolleboos.

De Fryske oersetting is fan de hân fan Ytsje Steen-Buwalda, dy’t al tal fan bekende berneboeken nei it Frysk oerset hat ûnder oare Kening fan Katoaren en Jip en Janneke.

Tsjippy syn fliesirkus telt 57 siden, hat ISBN 978-94-6365-883-6 en kostet € 19,50. It boek is ek yn it Nederlânsk beskikber.