Thea Hoekstra-Vleer: Frysk, mienskip en greidefûgels yn âld Littenseradiel
SUDWEST-FRYSLAN - Thea Hoekstra-Vleer (57) wennet mei har man Jan sûnt 1988 yn it katolike doarpke Reahûs. Har trije dochters binne it hûs út, en mei twa bernsbern – en in tredde op komst – is harren hûs fol libben en fleur. Thea wurket no by SBO De Súdwester yn Snits as meiwurker administraasje en foar de Afûk as lesjouwer Frysk. Yn 2024 hat sy har diploma’s helle foar lesjouwer Frysk en sûnt oardel jier hellet sy in protte enerzjy út it lesjaan. “It omgean mei de minsken en harren entûsjasme foar de kursus jout my alle kearen wer moed dat it der net sa min foarstiet mei ús Fryske taal,” seit Thea.

Sûnt april 2023 is Thea ek riedslid foar de FNP. De politike praktyk fynt sy hiel nijsgjirrich: mei-inoar kontrolearje hoe’t it kolleezje wurket en kaders stelle. “Wy hawwe in tige aktive fraksje, dêr’t ik in protte fan lear, en ik hoopje der wer in perioade oan fêst plakke te kinnen,” seit sy.
Yn har frije tiid damt se rekreatyf Frysk mei har klupke yn kafee De Ree, kuieret se graach mei har rinklupke – ûnder mear yn 2025 mei in fariant fan de kuieralvestêdetocht, de 8fan11 – en tennisje se sneontemoarns mei in ploechje dames foar de wille.
Reahûs is foar har mear as in doarp; it is har thús. Hjir kin men ferskillende minsken tsjinkomme, allegearre mei respekt foar inoar en har eigen frijheid. Thea hat eartiids mei in protte wille as frijwilliger yn de merkekommisje sitten en is grutsk op it feit dat yn it doarp omtinken is foar de greidefûgels en krûderyk gerslân, wat in positive ympakt hat op ynsekte- en fûgelpopulaasjes.
Har eigen famylje hat har foarmjend beynfloede: har tante Neeltsje hat har as bern leafdefol opfongen doe’t har âlden it simmerdeis drok yn de grientewinkel yn Heech hienen. Thea hat dat as foarbyld brûkt by har maidenspeech as lyntsje nei de Jeugdsoarch. As der mear sokke tante Neeltsjes binne, dy’t bern leafdefol opfange, soe dat hiel wat bern helpe kinne. “Net eltsenien hat in tante Neeltsje”, sa sei se ûnder har maidenspeech.
Thea waard lid fan de FNP troch har heit, Jelle Vleer, dy’t sels lang foar de partij aktyf wie. “Tink om ’e minsken en de natuer” wie syn boadskip, en dy gedachte nimt Thea fierder mei yn har riedswurk. Wat har it meast oansprekt yn it programma fan de FNP is taal, kultuer en it lânskip. Thea fynt it bysûnder wichtich dat der in meartaligenskoördinator yn de gemeente komt, lykas yn de Waadhoeke, om de Fryske taal noch mear sichtber te meitsjen. Ek it behâld fan de greidefûgels en it stypjen fan boeren dy’t omtinken hawwe foar de greidefûgels leit har tige oan it hert. It romtlik hâlden fan Fryslân fynt se hiel wichtich.
Yn de takomst wol Thea dat skoallen en doarpshuzen yn doarpen bliuwe en tichtby de mienskip stean, lykas de skoalle, it Readhûs en it kafee yn Reahûs, wichtige pylders fan it doarp. Ek de enerzjytransysje folget sy mei ynteresse, mei projekten lykas Energiek Reahûs en Waarm Heech.
Har boadskip foar it doarp Reahûs is ienfâldich: dat frijwilligers ek oer in pear jier noch aktyf binne om alle aktiviteiten yn Reahûs te organisearjen en dat der omtinken is foar elkoar.
It folsleine ferkiezingsprogramma is te finen op de webside fan FNP Súdwest-Fryslân: www.fnp.frl/swf











