Politiek Branded Content

Corrie Bergstra-Veldhuis: Tichtby de mienskip fan Snits

Door: Redactie

SUDWEST-FRYSLAN - Corrie Bergstra-Veldhuis wenet mei har man Meinte yn Snits. Harren beide soannen binne folwoeksen en hawwe harren eigen húshâlding mei frou en bern; sa kinne se no ek genietsje fan harren pake- en beppesizzers, twa famkes en in jonkje.

Corrie Bergstra-Veldhuis, FNP-SWF
Corrie Bergstra-Veldhuis, FNP-SWF Foto aangeleverd

Al sa’n 50 jier is Snits har thús. “Ik fiel my hjir echt thús,” seit Corrie. “Myn middelbere skoaltiid haw ik hjir trochbrocht en ek it grutste part fan myn wurk hie ik hjir.” Yn it deistich libben sit Corrie foar de FNP yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân. Fierder mei se graach lêze en rinne om sa fan har frije tiid te genietsjen.

Wat Corrie oan Snits bysûnder fynt, is de kombinaasje fan gemak en gesellichheid. “Ik bin wiis mei de winkels en foarsjennings tichtby. Simmers de reuring yn de stêd en winters de gesellichheid,” seit se. Foar har binne it de minsken en frijwilligers yn sport, ferienings, tsjerken en kulturele aktiviteiten dy’t de mienskip foarmje en troch har tige wurdearre wurde.

Lid wurde fan de FNP kaam fan út har leafde foar de Fryske taal en de wize wêrop’t de partij yn de mienskip stiet. Wat har it measte oansprekt yn it programma fan de FNP, is de belutsenheid by de gemeente, it lânskip en de ynwenners.

Har winsk foar Snits is ienfâldich: “Dat eltsenien wenje kin wêr’t er graach wenje wol, en dat wy nei elkoar omsjen bliuwe.” As riedslid set Corrie har yn om tichtby de ynwenners te stean en te sjen wat der spilet, mei omtinken foar sawol minsken as it lânskip.

It folsleine ferkiezingsprogramma is te finen op de webside fan FNP Súdwest-Fryslân: www.fnp.frl/swf