Nij printeboek Marianna van Tuinen út Ysbrechtum
YSBRECHTUM - By Uitgeverij Elikser yn Ljouwert is in nij printeboek fan Marianna van Tuinen út Ysbrechtum ferskynt. It printeboek is yn it Frysk oerset troch Ytsje Steen-Buwalda út Boalsert

De reinbôgedolfyn
It dolfyntsje Lara wol sa graach yn de kleuren fan de reinbôge swimme. Se freget oan har freontsjes hoe’t dat moat. Reno leart har dat se de kleuren op ’e boaiem fan de see fynt. En Fiola leart har dat se o sa heech springe kin, as se dat hiéééééél graach wol. Noch heger as de wolken.












