Janneke Spoelstra nei Transpoesie yn Brussel
It Boun hat dat aktyf útsetten en in sjuery besteande út Alex Riemersma (NPLD), Cor van der Meer (Mercator / Fryske Akademy) en Tryntsje van der Veer (It Skriuwersboun) hawwe út fiif opjeften de dichteresse Janneke Spoelstra keazen mei har gedicht ‘Altyd alve’. Har ynstjoering waard troch de sjuery typearre as tagonklik (ek yn oare talen), ta de ferbylding sprekkend en mei romte foar identifikaasje.

De yn 1962 berne dichteresse debutearre yn 2004 mei de bondel Goeie is it wachtwurd. Yn 2011 kaam har twadde dichtbondel út, Langst fan ’e dagen. Yn 2008 ferskynde har ferhalebondel In Jikse-libben. Se treedt op rûnom yn Fryslân, en yn Malta en Ierlân. De bedoeling is dat har tredde dichtbondel febrewaris 2019 útkomt, as se Dichter fan ’e Moanne is. Fersen fan har binne oersetten yn it Iersk, Ingelsk, Malteesk, Portugeesk en Spaansk.
Foto: Gatske Kraak







