Live ferslach fan de Fytsalvestêdetocht op in tandem: “Wy wolle kapot wêze at wy oankomme”
FRYSLAN - Op twadde Pinksterdei moat it barre. Isa Visser en Demi Hoekstra sille dan op in tandem de Alvestêdetocht fytse foar Omrop Fryslân en RTV NOF. It wurdt in lange dei yn it sadel en leafst 235 km fan tsjerketoer nei tsjerketoer troch it Fryske lân. “Waar of gjin waar, wy wolle foaral in protte wille hawwe.”

Isa (26) út Ljouwert wurket by Omrop Fryslân as sjoernaliste en Demi út Bûtenpost is ferslachjouwer by RTV NOF. Se binne wol gauris tegearre op paad foar in opdracht. Isa docht dan ferslach en Demi (24) is de kamerafrou dy’t alles fêstleit op film. Sa’n lange fytstocht is lykwols hiel wat oars as oars. Isa: “Dizze wike wie ik noch op paad foar Fryslân Hjoed om in reportaazje te meitsjen oer in ridende blokkade fan frachtweinen.” Demi hat dizze dagen wer hiele oare dingen te dwaan, want de kening en keninginne komme op Keningsdei nei Dokkum en dat kostet in soad tiid oan tariedings.
De lêste pear jier hawwe se tegearre ferslach dien fan de Fytsâlvestedetocht. Se stienen mei mikrofoan en kamera yn Holwert en Dokkum en hienen petearen mei fytsers dy’t harren ferhalen dienen oer it bealgjen tsjin de wyn yn en oer de wille dy’t se ûnderweis hienen. Isa en Demi seagen inoar dy dei in pear kear oan en seinen: “Wat foar stunt soe it wêze at wy sels op ‘e fyts ferslach dwaan kinne en hoe leuk soe it wêze om it dan op in tandem te dwaan? Wy fytse en binne dan dochs oan it wurk.”
Se kamen op dit idee, omdat Simone Scheffer fan Omrop Fryslân 30 jier lang de tocht fytst hat en ûnderweis ferslach die fan de tocht. Mar ferline jier wie it har lêste Alvestêdetocht. 30 is in moai rûn getal om der mei op te hâlden. Tiid foar de jongerein om it stokje oer te nimmen.Demi en Isa besprutsen yn maart fan dit jier harren plan mei de projektlieder fan Omrop Fryslân dy’t net lang neitocht en doe fuortendaliks sei: “Prima, froulju. Gean mar oan ‘e slach!”
“Ferline jier praten wy mei in man dy’t fytste yn ‘e spikerbroek op in gewoane fyts.”
Sadwaande hienen de froulju twa moannen om flink te oefenjen foar mar leafst 235 km en mear as tsien oeren op de tandem, want it plan is dat Isa foarop sit en ferslach docht en Demi efterop sit mei in kamera. De tariedingstiid wie dus koart. Twa moannen en mear net. Mar gelokkich ha beiden in goede kondysje en dogge se altyd al folle oan sport. Demi docht oan hurdrinnen en hat ferline jier al in nije racefyts kocht: “Ik meitsje al folle kilometers. Sneons fyts ik faak fjouwer oeren.” Isa fuotballet fanatyk by de Sweltsjes yn Ljouwert, rint ek faak en wol dit jier noch in heale triatlon dwaan. “Dêrom ha ik ek in racefyts kocht. Wy moatte noch ôfprate om tegearre te oefenjen, mar dat komt wol goed. Trije kear yn ‘e wike gean ik te fytsen. In oere of ûngefear 60 km.”
Se hawwe alle fertrouwen yn harren kondysje en binne der fan oertsjûge dat de ôfstân foar harren gjin probleem wêze sil. “Ferline jier praten wy mei in man dy’t fytste yn ‘e spikerbroek op in gewoane fyts. Hy fytste de tocht út. Dan kinne wy dat ek. Wy wolle boppedat ek snelheid meitsje. Wy wolle der úthelje wat deryn sit en kapot wêze at wy oankomme.” Se sille de tocht fytse op in racetandem mei sân fersnellingen. Isa foarop en Demi efterop. “Isa moat prate, traapje en stjoere en ik moat traapje en filmje” leit Demi gnyskjend út.
“Wy wolle foar acht oere jûns wer binnen wêze.”
Demi en Isa binne dus al drok oan it oefenjen en boppedat witte se al wat foar iten se mei nimme foar ûnderweis. Bananen, pasta, wite bôle foar de koalhydraten en enerzjyrepen. “De dagen foar de tocht ite wy ekstra goed om in buffer op te bouwen. Wy binne grutte iters. Wy ite mear as mannen.”
Om fiif oere moarns op Pinkstermoandei sil it heve en starte Isa en Demi yn de earste groep fan 650 fytsers. Underweis krije se 15 stimpels en komme dan yn de rin fan de dei wer werom yn Boalsert. “Wy wolle foar acht oere jûns wer binnen wêze. Underweis wolle wy net te faak stopje, want dan reitsje wy út it ritme. Dus net op in terraske mei appeltaart. Wy sitte leaver op in terraske mei in bierke at wy wer yn Boalsert binne.”
Wolsto de tocht fan Isa en Demi folgje?
Omrop Fryslân hâldt Pinkstermoandei de hiele dei in liveblog by op Omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân. De spesjale live-útstjoering op radio en telefyzje begjint om 8.00 oere en duorret oant 20.00 oere en is te sjen en te hearren by Omrop Fryslân, RTV NOF, Omroep Zilt en Radio Spannenburg.
Tekst: Remco Hofman
Foto’s: Omrop Fryslân








