Jong-Feintepartij yn Easterein op 25 july
Dizze wedstriid seach yn 2005 it ljocht en sûnt doe wurdt der elk jier striden om de “Sulveren Leest”. Dizze unike wikselpriis wurdt beskikber stelt troch Jan Hiemstra út Frjentsjer (âld ynwenner fan Easterein en skriuwer fan ús jubileumboeken “Bûkelje en boppeslaan” en “Fol Faasje Fierder”). De 13e edysje, yn 2017 is wûn troch Frentsjer mei Djurre Seerden, Allard Hoekstra en Marco de Groot.

K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarenkategory. Yn oerlis mei de KNKB kaam Easterein út by de kategory junioaren, omdat der nei de Freule yn Wommels nei de jongeskategory in protte jonge keatsers ôfheakje, wat it KNKB-keatsen oangiet. Al jierren wrakselje it KNKB en de ferieningen mei dit fraachstik.
Der is keazen foar in ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de tinkbyldige keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjinwurdigjen.
Neist de wikselpriis de ‘Sulveren Leest’ binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei priisjild. Al mei al in prizepot fan rom € 3.300,-! Sjoch foar alle winners en ferslaggen fan de ôfrûne jierren op’e www.kfeasterein.nl















