Fryske Foarlêswike 4 o/m 8 juny 2018: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten
Fryske Foarlêswike

Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn:
Fryske Marren: Boargemaster Veenstra lêst foar op tongersdei 7 juny om 10.00 oere op pjutteboartersplak “Pjuttewille” yn Aldemardum.
Opsterlân: Boargemaster mefrou Ellen van Selm lêst foar op woansdei 6 juny fan 9.00 – 10.00 op pjutteboartersplak “De Lytse Wrâld” op ‘e Tynje.
Akkrum: Riemkje Pitstra, skriuwster fan Tomke ferhaaltsjes, lêst foar op tiisdei 5 juny fan 9.30 – 10.30 oere by SKF Akkrum, de Stringen 5
Achtkarspelen: Boargemaster Gerbrandy sil op woansdei 6 juny om 10.15 oere foarlêze yn Twizelerheide by it Boartershûske, Bjirkewei 103a.
Tytsjerksteradiel: Boargemaster Gebben komt tongersdei 7 juny om 10.00 oere nei pjutteboartersplak “De Bistebus” yn Burgum
Ald - wethâlder mefrou Houkje Rypstra giet op tongersdei 7 juny om 10.00 oere nei berneopfang “Nei ‘t Sin” yn Gytsjerk.
Piet Reitsma riedslid FNP lêst foar by pjutteboartersplak “de Wâldpykjes” en by it bernedeiferbliuw yn Oentsjerk. De tiiden binne noch net bekend.
De Stellingwerven en it Bildt lêze foar út it Tomke boekje yn harren eigen taal







