Fanút de mienskip nei de ried: Tsjerk Bouwhuis
SUDWEST-FRYSLAN - Tsjerk Bouwhuis (42) wennet syn hiele libben al yn Top en Twel. It doarp, de romte en it lânskip dêr omhinne binne foar him fan grutte wearde. Neffens Tsjerk makket Súdwest-Fryslân him bysûnder troch it grutte ferskaat oan doarpen en stêden, it iepen lânskip en de sterke mienskippen. It binne plakken dêr’t minsken sûn en lokkich âld wurde kinne, en dêr’t men om elkoar jout.

Yn it deistich libben wurket Tsjerk as tekenaar en wurktarieder by AFT RVS yn Heech. Yn syn frije tiid fytst er graach lange ôfstannen en giet er graach op reis. Dy twa hobby’s binne foar him perfekt te kombinearjen: mei de fyts de wrâld ûntdekke.
De minsken om him hinne hawwe Tsjerk foarme ta wa’t er no is. Syn famylje, de freonen fan keet ‘Yne Wadr’ en it libben yn Top en Twel hawwe him sterke woartels jûn yn de mienskip. Dat mienskipsgefoel is ek ien fan de redenen wêrom’t er him ynsette wol foar de polityk.
Yn de perioade 2015 oant 2018 wie Tsjerk foarsitter fan Doarpsbelang Top en Twel. Dêr seach er fan tichtby hoe faak doarpen te krijen hawwe mei gemeentlik belied. De partij dy’t foar him it tichtst by de minsken stiet, is de FNP. De FNP lit sjen dat polityk net fier fuort hoecht te stean, mar krekt tichtby de ynwenners wêze kin.
Wat Tsjerk it meast oansprekt yn it programma fan de FNP is de fokus op wenjen. Wenjen is neffens him noch altyd de grutste soarch yn Súdwest-Fryslân. Foar in soad ynwenners is it noch altyd dreech of sels ûnmooglik om te wenjen wêr’t se wenje wolle. Dêrom moat de gemeente de rezjy pakke en aktyf meiwurkje oan oplossingen.
De ûnderwerpen dy’t him it meast oan it hert lizze binne lânskip, klimaat, wenjen en sport. Foar Top en Twel wol Tsjerk graach berikke dat der yn de kommende perioade konkrete plannen komme foar útwreiding fan it doarp. Der wurdt al jierren praat; neffens him is it no tiid foar aksje en it trochhakken fan knopen.
Troch him opnij beskikber te stellen as riedslid wol Tsjerk him ynsette om, mei de ried, it kolleezje dúdlike opdrachten mei te jaan. Sa wol er bydrage oan in gemeente dêr’t minsken echt wenje kinne wêr’t se har thús fiele.
It folsleine ferkiezingsprogramma is te finen op de webside fan FNP Súdwest-Fryslân: www.fnp.frl/swf











