FNP’ers Tsjerk Bouwhuis en Doutsen Krol: “It giet net om systemen, mar om minsken”
SUDWEST-FRYSLAN - Acht jaar ervaring aan tafel, een nieuwe generatie in aantocht. Met fractievoorzitter Tsjerk Bouwhuis (Toppenhuzen) en beoogd raadslid Doutsen Krol (Boalsert) zet de FNP in Súdwest-Fryslân in aanloop naar de gemeenteraadsverkiezingen nadrukkelijk in op continuïteit én vernieuwing. Hun verhaal is geen groot ideologisch betoog, maar een pleidooi voor nabijheid: politiek die begint bij mensen, niet bij systemen.

Tsjerk Bouwhuis is inmiddels een vertrouwd gezicht in de gemeenteraad. In acht jaar tijd zag hij Súdwest-Fryslân veranderen en groeide de gemeente uit tot een bestuurlijk complex geheel. Juist daardoor werd voor hem duidelijk hoe belangrijk lokale politiek is. “Polityk is hjir net fier fuort”, aldus Bouwhuis. “Besluten dy’t wy nimme, reitsje minsken yn harren strjitte, by de feriening of op it wurk. Dêr giet it om: it deistich libben.”
De kracht van de mienskip als uitgangspunt
Een kernbegrip in het FNP-programma is ‘de kracht van de mienskip’. Volgens Bouwhuis is dat geen slogan voor verkiezingstijd, maar een houding die consequenties heeft voor beleid. “Mienskippen binne net betocht troch de oerheid. Dy besteane al. Minsken organisearje harsels yn doarpen, wiken en ferienings. De gemeente moat net alles oernimme, mar romte jaan.”
Doutsen Krol, nummer zeven op de kandidatenlijst en beoogd raadslid, herkent dat sterk vanuit haar dagelijkse werk als docent-onderzoeker op het gebied van bouw, omgeving en ruimtelijke ontwikkeling. “Elk plak hat syn eigen ferhaal. Ast belied makkest sûnder dat gefoel, dan slút it net oan. Earst lústerje, dan pas beslute, dat soe folle faker it startpunt wêze moatte.” Volgens haar is dat juist in kracht van lokale politiek: maatwerk kunnen leveren. “Dy ferskillen moatst net weipoetse, mar serieus nimme.”
Een concreet voorbeeld waar dat volgens de FNP zichtbaar wordt, is de omgang met regels en vergunningen. Bouwhuis ziet hoe goedbedoelde regelgeving soms averechts uitpakt. “Regels binne wichtich, mar se kinne ek yn ‘e wei stean. Frijwilligers dy’t al jierren in evenemint organisearje, rinne soms fêst yn papierwurk. Dan moat de gemeente net allinnich kontrolearje, mar foaral meitinke.” Dat vraagt volgens hem om vertrouwen.“Fertrouwen jaan wêr’t it kin. Net elkenien by foarbaat wantrouwe. Oars meitsje wy it minsken ûnnedich dreech en ferdwynt it plezier.”
Krol vult aan dat dit ook een kwestie is van bestuurlijke cultuur. “As gemeente kinst kieze oftst foaral risiko’s ôfdutsen wolst, of datst tegearre mei ynwenners nei oplossingen sikest.”
Taal als identiteit én praktijk
Voor de FNP is taal onlosmakelijk verbonden met identiteit. Niet als exclusief middel, maar als verbindende kracht. “Taal is in gefoelskwestje,” zegt Krol. “As’t dy yn dyn eigen taal útdrukke kinst, fielt dat fertroud. Dat jildt foar it Frysk, mar ek foar streektalen lykas it Snekers of it Hylpers.”
Bouwhuis benadrukt dat het gebruik van het Fries in de gemeenteraad geen symboliek is. “Yn de ried is it Frysk de fiertaal. Dat is gjin statement, dat is gewoan normaal. En fansels: elkenien moat meidwaan kinne, dus Nederlânsk bliuwt altyd beskikber.”
Volgens Krol zit de kracht juist in vanzelfsprekendheid. “Do hoechst net alles yn it Frysk te dwaan. Mar lit it weromkomme yn it ûnderwiis, by kultuer, yn projekten. Sa bliuwt taal libben en fan elkenien.”
Eén gemeente, veel gezichten
Met steden als Sneek en Bolsward, tientallen dorpen en een lange kustlijn is Súdwest-Fryslân een gemeente met veel gezichten. Dat vraagt om aandacht voor verschillen. “Wat wurket yn Snits, wurket net automatysk yn in doarp of oan de kust”, zegt Bouwhuis. “Dêrom moatst altyd begjinne by it petear mei ynwenners.”
Voorzieningen spelen daarbij een sleutelrol. “In winkel, in kafee of in feriening is gjin lúkse. It is de lym fan in mienskip. Ast alles sintralisearrest, dan rinne doarpen leech en dat wol nimmen.”
Een belangrijk thema richting de verkiezingen is woningbouw. Jongeren willen graag blijven, maar vinden geen huis. Bouwhuis vindt dat de gemeente hierin nadrukkelijker moet sturen. “Wy kinne net allinnich ôfwachtsje wat de merk docht. De gemeente moat regy nimme: grûn ûntwikkelje en stjoere op betelbere wenningen.” Krol benadrukt dat het daarbij niet alleen om aantallen gaat. “Wenjen giet oer takomst. It giet om duorsum bouwe, romte foar grien en in leefbere omjouwing dêr’t minsken har thús fiele.”
Ervaring en vernieuwing
De combinatie van ervaring en een frisse blik zien beide kandidaten als meerwaarde. “Acht jier riedslid wêzen jout dy ynsicht yn hoe’t besluten ta stân komme”, zegt Bouwhuis. “Mar je hawwe ek minsken nedich dy’t nije fragen stelle.” Voor Krol voelt haar kandidatuur als een logische stap. “Der komme safolle grutte fraachstikken op ús ôf. Dan wol ik net oan ‘e kant stean, mar meitinke en meidwaan.”
Een stem die telt
Tot slot hebben beide FNP’ers een duidelijke boodschap voor twijfelende kiezers. “As’t net stimst, kinst letter ek net kleie”, zegt Bouwhuis nuchter. Krol sluit af: “Dyn stim docht der ta. En mei de FNP kies je foar mienskip, taal en belutsen polityk, ticht by de minsken.”










