Face to Face: It rike libben fan Pieter Kingma

Door: Henk van der Veer 27 jan 2024, 17:00 Algemeen
Foto: Laura Keizer Fotografie
Pieter Kingma
Pieter Kingma

SIBRANDABUORREN - Pieter Kingma uit Sibrandabuorren hoopt op 9 februari aanstaande zijn tachtigste verjaardag te vieren. Een mooie aanleiding om Kingma te interviewen, maar zijn leeftijd is niet alleen de reden. Kingma is nog altijd ‘warber’ als onvolprezen tuinman rond het kantoor van GrootMedia aan de Zwarteweg in Sneek. Bovendien heeft hij een rijk arbeidzaam leven achter de rug. Een portret van een bijzondere gewone man.

Pieter Kingma, zoon van Aant Kingma en Maria Hoogstra, werd op 9 februari 1944 geboren in Eanjum (Anjum), midden in de oorlog. Hoe zagen zijn jongensjaren eruit? Wat heeft hij zoal gedaan, voordat hij tuinman aan de Zwarteweg werd en wie was de liefde van zijn leven? Pieter Kingma is op en top een Fries, dus dát is de taal in dit persoonlijke interview.

Hoe seagen jo jongesjierren der út?
Ik wie de lêste yn in húshâlding fan tolve bern. Heit hie yn’e oarlochsjierren in skûtsje hân, wêrmei’t er takkebosken bij de bakkers brocht. Yn dy tiid is myn twadde broer fan it skûtsje fallen en ferdronken, it moat in drama west ha. Fansels wit ik dit allinne mar troch oerlevering fan’e oare bern. Der wiene fjouwer famkes en acht jonges.”

Wat wie it foar in húshâlding?
“It wie in grutte, mar normale húshâlding. Wat mij as jongste it meast bijbleaun is, is dat heit frachtrider yn Nijlân wie. Hij riid dan mei hynder en wein nei Snits, in karrider. Fan myn susters ha’k heard, dat se tolve kear ferhúze binne. Doe’t ik yn Nijlân kaam, wie’k in jier as seis. Dêr ha’k myn legere skoalletiid trochbrocht. Nei dy perioade binne heit en mem nei Tersoal gien, dêr’t se in lyts boerespultsje kocht ha. Ek dêr ha’k seis jier wenne. Doe gongen se nei Rinsumageast, om fierder te buorkjen op in gruttere pleats, mei in stik as tolve kij. Heit wie altyd oan it wurk.”

Wat herinnerje jo noch fan’e tiid yn Nijlân?
“Wy moasten thús altyd wol meihelpe, mar it wie goed. As bern wiene wy sa frij as in fûgeltsje. Wy koenen en mochten alles. Wy wennen krekt bûten de buorren. Doe’t de auto’s en frachtweinen opsetten kamen is heit opholden mei de karriderij en is er boer wurden. Nei de legere skoalle bin’k nei de lânbouskoalle gien en ha kursussen folge.”

Yn Tersoal binne jo thús kaam om te helpen?
“Ja, it wie eins te grut foar ien en te lyts foar twa. ‘Dat Pieter moast mar meihelpe’ en ik ha gewoan in hiele moaie tiid yn Tersoal hân. Boer wurde wie oars ek wol wat foar mij west, mar heit sei: ‘Dat is niks foar dij’. It gong oer, en ik fûn it ek wol goed. Yn Tersoal ha’k oars de leafde fan myn libben fûn, miskyn tink ik der dêrom mei in soad nocht oan werom.”

De leafde fan jo libben, fertel ris
“Myn buorfamke wie Doutsen Buma, it koe net moaier. Har folk wie ek komelker. Ik wie in jier as sechtsjin doe’t it oanrekke mei Doutsen en it hat noait wer út west. Wy binne letter troud en segene mei trije bern: twa jonges en in famke. Ien fan’e jonges wennet yn Balk, de oare soan yn Snits en ús dochter hat har plak yn Ingelân fûn, yn Wales. Ik ha sân pakesizzers, de âldste is 27 jier en de jongste 7 jier.”

Doe’t jim troud binne, wat ha jo doe foar wurk dien?
“De earste trije jier fan ús trouwen ha ik boerearbeider west yn Balk. De boer soarge dêr foar in hûs, mar Doutsen woe nei dy trije jier wol werom nei Tersoal. Dêr ha’k doe noch in jier bij de boer wurke en doe’t dy fuortgong, bin’k op it súvelfabryk fan Sibrandabuorren kaam. Dêr ha’k 32 jier wurke as tsiismakker, mar yn dy lytse fabriken moasten je alles kinne. Neist it wurk op it fabryk hawwe myn frou en ik ek 32 jier kostersechtpear fan’e tsjerke yn Tersoal west. Dêrbij wiene we ek ferantwurdelik foar de organisaasje fan gearkomsten en feesten yn it gebou.”

Krekt sa warber as jo heit dus?
“Ik wie 28 jier doe’t de foarsitter fan’e begraffenisferiening bij mij kaam, om te freegjen of ik ek boade wurde woe. Dat oerfoel mij wol in bytsje, ik wie doe by wize fan sprekken noch noait op in begraffenis west. It wie gjin probleem, ik moast mar mei in ervaren boade meirinne en dy soe mij ‘it fak’ wol leare. Ik ha ien kear meirûn en doe sei hij tsjin mij: ‘Do rêdst dy der mar mei’. Doe ha’k tritich jier boade west. Op’t lêst bin’k minder op’t fabryk oan it wurk west, want ik wie boade foar de hiele Legeaën, alle doarpen. Ik hie doe sa’n tweintich begraffenissen yn’t jier. Doutsen is der al gau bij ynstapt, en hielendal doe’t de kompjoeter wichtiger wurde. Dêr hie sy wol niget oan. Wy drukten op’t lêst de kaarten en liturgyën. Dat wurk diene we tegearre.”

Wat spruts jo yn it wurk fan begraffenisûndernimmer oan?
“It belangrykste ha wy altyd fûn dat wy minsken helpe koene. Omtinken oan’e famyljes jaan en wy woene it goed dwaan, want je kinne it mar ien kear dwaan. Wy ha dit wurk ek dien fanút ús leauwen.”

Net alle doarpen yn’e Legeaën wiene grifformeard. Hoe giene jim dêr mei om?
“Dat makke foar ús neat út, Raerd en Poppenwier wiene doedestiids sa read as’t mar kin. Mar dat spile foar ús net mei, wy woene de minsken sa goed mooglik bijstean. Oarsom ha we der ek noait wat fan murken, wy koene de minsken hjir allegear. De tiid foar de lêste dingen nimme, dat wie foar ús hiel belangryk.”

Hawwe jo it wurk as boade wolris meinommen? Jim wiene noch sa jong
“Ja, ik ha it beslist wolris mei nei hûs nommen. Mar dan koene we der thús tegearre oer prate. Guon stjergefallen en dan ha ik it oer bern, diene wol wat mei je. En nochris, we koene de minsken hast allegear.”

En it wurk op’t fabryk, hoe gong dat?
“Doe’t ik der wurke wiene der yn Sibrandabuorren noch 25 minsken aktyf. It earste jier dat ik der wurke ha ik it echt net maklik hân, ik wie in bûtenmins. Letter befoel it mij wol, en je hiene fêstichheid. It fabryk is yn 1972 tichtgien. Ik ha dêrnei noch trettjin jier yn Wommels wurke as tsiismakker. Doe’t Wommels de doarren slúte moast, bin’k noch nei Eastersee en Sint Nyk west. De lêste trije jier wie Warkum myn lêste plak as súvelmeiwurker.”

Hat it slúten fan it fabryk yn Sibrandabuorren ynfloed op jo libben hân?
“Ja, sûndermis. Dat jildt foar al dy doarpen. Yn Sibrandabuorren gongen minsken fuort en minsken fan bûten it doarp kamen der foar yn’t plak. Sibrandabuorren is foar mij noch altyd in hiel gewoan doarp. Net sa ien mear as eartiids, mar dochs goed. Mar it mei elkoar wêzen is minder wurden, dat hat de grutste feroaring foar mij west. Ik fyn it wol in ferearming.”

Tsjerklik is de Legeaën wol mear ien wurden. Hoe steane jo yn dat ferhaal?
“Dêr stean ik goed yn, krekt sa as myn frou der posityf oer wie. Doe’t sy yn’e tsjerkeried siet, wie Doutsen foarstanner om ‘Samen op Weg’ te gean. By my spile mei dat ik yn Nijlân grutbrocht bin en dêr wie alles herfoarme. Dêr waarden de seis grifformearde húshâldings net skoudere. Ik bin fan hús út grifformeard, mar herfoarmen en roomske minsken binne mij like leaf.”

Ha jo aktyf west yn tsjerke?
“Nee, net yn tsjerke, mar mear der bûten. Ik wie de man fan it ûnderhâld, fan’e gebouwen.”

Hoe binne jo sa túnman wurden?
“Myn earste wurk hie ik as túnman bij de jachtwerf efkes bûten Tersoal. Dy jachtwerf waard opkocht troch Strating bv., en ik bin der oansteld as túnman. Letter kocht Strating meardere panden op, wêrûnder Ozinga yn Snits. No, dêr die ik de túnen ek en sa kaam fan it ien it oare. Ik kaam troch de hiele provinsje om it terreinûnderhâld te dwaan.”

Hiene je it dan net hiel drok mei al dy banen?
“No ja, dat wie sa. Bij dy bedriuwen fan Strating die ik it rútenhimmelje der ek nochris bij. Us bern hiene yn’e fakânsje dan ek altyd wol wurk. Dat diene we dan op sneons. Sa bin’k ek bij Gerke de Boer syn fersekeringskantoar oan’e Zwarteweg yn Snits kaam. It terrein wie noch net sa grut as no. Ik ha it ûnderhâld op mij nommen. En ik bin der hingjen bleaun, oant op’e dei fan hjoed. Yndied no ek bij Ying Mellema. Fierders doch ik it túnûnderhâld ek bij Efko Beton yn Twellegea. Ik wurkje der 35 jier, en ik bin der noch. Ik mei it graach dwaan. Fansels ha’k myn eigen tún ek noch. Ik kin net stilsitte, mar ik bin eigen baas. At it min waar is, kom ik net.”

Ha jo wolris fakânsje?
“Jawis! Doe’t de bern lyts wiene, hiene we al in karavan yn Gaasterlân of Drinte. Dêr gongen we dan yn’e wykeins nei ta. Om’e fjrirtjin dagen at we hjir gjin preek yn tsjerke hiene.”

Jo ha jo frou fjouwer jier lyn ferlern. Mei ik dêr ek nei freegje hoe’t dat foar jo west hat?
“Fansels mei dat. Doutsen hat njoggen moanne siik west en is úteinlik oan kanker stoarn. Dat hat in klap west. Yn’t earstoan nei har ferstjerren woe’k mei alles ophâlde. It boadewurk ha’k eins fuortdaliks opjûn, mar de oare saken ha’k dochs wer oppakt. It lûkt mij der no troch, ik ha ôflieding en al dy minsken wêr’t ik foar wurkje binne goed foar mij. Ik ha in ryk libben hân en noch altyd! Ik bin in tefreden man. Ik wenje yn in prachtich hûs, de hiele dei sinne. Moai, no?!”


Pieter Kingma - Foto: Laura Keizer Fotografie 

Foto: Laura Keizer Fotografie
Tekst: Henk van der Veer