Cultuur en uitgaan

It mystearje ‘De Ljip fan Itens’

Door: Henk van der Veer

ITENS- In groep ûnder de namme ‘Muzykkafee Itens’, organisearret net allinne múzykjûnen, mar docht mear. Hjir ûnder skriuwe se mei wat foar spesiaal projekt se dwaande binne.

De Ljip fan Itens
De Ljip fan Itens Foto oanlevere

“Sneontejûn 14 oktober spile d’r yn it Doarpshûs ‘De Lytse Fjouwere’, fan Itens in geweldige CCR Tribute Band. Dizze jûn waard organisearre troch Muzykkafee Itens.

In moaie jûn mei goeie muzyk, in lekker bierke en in stikje tsiis en woarst. Hawar de bêste yngrediinten foar in machtich moaie jûn! Nei ôfrin kamen wij op it idee om in lyts grapke út te healjen mei de organisaasje fan Muzykkafee Itens. Wy seinen tsjin elkoar: ”Wat sillle wy efkes útfrette?”

Ynienen kaam it idee op: Wy seachen der midden yn it doarpshûs in ljip triomfantlik op syn aaien sitten. We seachen elkoar laitsjend oan en tochten meinimme…dy Ljip!

Net wittende wat wy hjir fierder noch mei soenen dwaan. It idee kaam al gau dat de Ljip op aventoer moast om ferhalen te meitsjen, mar ek it libben fiere moast. Ynstee altyd mar yn dat doarpshûs fan Itens te sitten.

Ljip op toernee

Dus gongen wy mei de Ljip op toernee. Wy makken foto-sesjes mei de Ljip en betochten der grappige ferhaaltsjes by. Sa kaam it idee om in Facebook side oan te meitsjen mei de namme ‘Ljip Itens’ en om dizze foto’s en de troch ús betochte teksten hjirby te dielen.

En wat wy nea ferwachte hiene, wie dat wy binnen in wike mear as 1000 folgers op Facebook side hiene: Machtich!

Hjirtroch krigen wy hieltiid mear ynspiraasje en wille efter de skermen. D’r komme eltse dei wer nije ideeën by ús los.

Dus folgje it aventoer fan ‘Ljip Itens’ mei ús mei op de Facebook side en lit elkenien ferrast wurde troch dit ferhaal.

Ús doel is om de Ljip ein dit jier werom fleane te litten nei syn fertroude nêst yn Itens!”

Doarpshûs Itens