Cultuur en uitgaan

Yn Jorwert is úteinsetten mei de online-repetysjes fan it stik ‘#freonen?!’

No’t de manlju tsjin de fjirtich rinne, komme se der noch, mar no mar ien kear yn ’t jier. Alle jierren is dy reüny in feest fan herkenning en in opheljen fan anekdoates. It binne oer it generaal hiel gesellige jûntsjes. Dochs wol dit jier de sfear mar net loskomme. Is dat omdat de froulju der sûnt koart by binne? Of omdat ien fan de jonges ferstek gean lit? Feit is dat elk dizze jûn benammen mei de mobyl dwaande is. Dêrom beslute se in spultsje te dwaan: de mobyltsjes komme iepen op tafel te lizzen. Alle berjochten dy’t ynkomme, wurde dield mei elkoar. Yn it earstoan liket it in hiel ûnskuldich spul, mar al gau docht bliken dat it in katastrofale draai jout oan de jûn. Dy jûn en nacht wurdt dúdlik dat de manlju elkoar hielendal net sa goed kenne en elkenien mear geheimen hat as tocht. In net nei te kommen relasjoneel slachfjild is it gefolch. En dat liedt ta de fraach: is it somtiden ek better om net alles te witten?

Afbeelding
Jorwert- #freonen?! is in komeedzje dy’t giet oer it dramatysk ferrin fan in altyd sa gesellige reüny fan freonen. Se wienen altyd byelkoar, de fiif jonges fan honk De Iepen Doar. Doe’t se jong wienen, hienen se in eigen romte makke yn it hok fan de âlders fan ien fan de maten. En dêr sieten se altyd.

#freonen?! (hast-ek-freonen) is ynspirearre op de Italiaanske film Perfetti Sconosciuti en oersetten en bewurke nei in Fryske plattelânsfariant troch regisseur Tjerk Kooistra, tegearre mei Anke Boersma. Doel is om yn septimber foar it ljocht te kommen mei #freonen?! op in poadium dêr’t jo, as publyk op de tribune, omhinne draaie.

It coronafirus hâldt ús yn Jorwert ek bot dwaande. Wy treffe elkoar ûnder de parrebeam, mar no noch efkes net. Dat kin no net en dat makket it fantasyrike brein yn Jorwert nóch kreativer. Op allegearre fronten wurdt der neitocht oer hoe’t bygelyks de repetysjes in oare ynfolling krije kinne, oft der dingen oanpast wurde moatte, oft der miskien op oardel meter ôfstân boud wurde kin?

Lykas de measte minsken yn dizze tiden, kinne wy byldbelje. Foar bestjoer en kommisjes is fergaderje op ôfstân dus gjin probleem. Foar spilers en regisseur is dat fansels wol wat mear in útdaging. Neist it byldbeljen kinne der oanpassingen makke wurde; hawwe wy, sa’t it no stiet, noch genôch tiid om it repetysjeskema oan te passen; it skript kin krekt wat oars makke wurde; spilers kinne thús sels dwaande mei teksten leare, ensfh.

Tjerk Kooistra (artistyk lieder), Nynke Eerligh (de nije saaklik en produkjselieder mei yngong fan 2020) en it bestjoer sizze: “Hoe’t it ek komt, wy geane der foar! Belangryk is dat wy allegear sûn bliuwe en dêrom stiet feilichheid fansels foarop.”

Afbeelding