Cultuur en uitgaan

Jorwert stelt #freonen?! út nei 2021

Dêrneist is der te folle ûnwissichheid oer de situaasje yn septimber. #freonen?! (ynspirearre op de Italiaanske film ‘Perfetti sconosciuti’) is in stik dat folle tribunes fertsjinnet en it is tige de fraach oft dat realistysk en helber is foar kommende septimber. Dêrom ha wy no dit drege beslút naam, mei de hope op in tribune dêr’t wy skouder oan skouder sitte kinne yn septimber 2021.

Afbeelding
Jorwert-Alhoewol’t de repetysjes online al úteinsetten en hoopfol wiene, is woansdeitejûn besletten om it stik #freonen?! dit jier net te spyljen. De sûnens fan minsken stiet foarop en wy folgje de regels fan it RIVM strikt. Byinoar komme sit der foar de kommende wiken net yn, wat te folle fertraging yn it proses fan bygelyks spyljen en bouwen betsjut.
Afbeelding