Cultuur en uitgaan

Merakels! Al 15 jier bernespektakel yn hjerstfakânsje

Afbeelding
 

Nijlân - Woansdei 23 oktober gean om 13.30 oere de doaren fan MFC de Mande yn Nijlân iepen foar de 15e edysje fan Merakels. Merakels is in Frysktalich bernespektakel foar bern fan 4 oant 10 jier dy’t sljocht binne op teater, muzyk en kreatyf dwaande wêze. Spesjaal foar dit jubileum is it tema ‘Bisteboel’ en stean der twa machtige foarstellings op it programma foar de bern. As earste is er de foarstelling ‘Raaf fleant werom’. Dit  is in ferhaal oer Sietse, in jongen dy’t himsels  ‘de Cowboy’ neamt. Sietse fynt treast yn syn holle, dêr’t alles kin. Mar op in dei moet Sietse ôfskied nimme en dat is net sa as hy it betocht hie. Dit is in grappige mar ek oandwaanlike  muzykfoarstelling oer ôfskied, freonskip en de krêft fan fantasy. It stik is skreaun troch Sjoukje de Boer en spile troch Bouwe Kool, Sipke de Boer en Sari Dijkstra. En as twadde de foarstelling ‘Pûpa Pûtata yn it Mormeldome’ fan Koas van der Wal. De rûp Pûpa Pûtata komt terjochte yn it wetterlibben fan de sleat.  Pûpa giet op ûntdekkingsreis en wol mei alle bisten freonen wurde. Mar hy is oars. De oare bisten fyne him mar stom. Pûpa leart al gau welke bisten him opite wolle en wat it is om oars te wêzen. Dit wurdt in aventoer dwers troch de loft oant op de boaiiem fan de sleat. Mar dat is net alles der is noch folle mear te belibjen! Komelke? Knutselje? Apekoai? Sminke ? Dit kin op de woansdei yn de hjerstfakânsje allegeare yn ‘De Mande’ yn Nijlân! Ek sille we taartsjes fersiere, wa jierdei is moat fansels ek trakteare ! Lyts en âld betellet mar seis euro foar dit bistespektakel. Foar mear ynformaasje kin jo sjen op www.aaipop.nl.

Afbeelding