Cultuur en uitgaan

Frysk Berne Spektakel Merakels yn Nijlân

Nijlân - Woansdei 15 oktober gean om 13.30 oere de doarren fan MFC de Mande yn Nijlân iepen foar it Frysktalig berne teater spektakel Merakels. Merakels is foar bern fan 4 oant 10 jier. It bysûndere fan Merakels is dat bern de kâns krije om op ien middei trije foarstellings te sjen.

Afbeelding

Sa komt Baukje Fennema fan Ithaka mei de meispylfoarstelling ‘Hazze, hin en it grutte boskfeest’. Folkert Wesseling nimt in echte bus mei en jout ‘bustraining’ en trûbadoer Jan Nota nimt de bern mei op reis mei musyk.

Ek bûten de foarstellings is der fan alles te belibjen… . Oplawiebus makket moaie figuren fan ballonnen, de bern kinne smynkt wurde, knutselje, en sels ‘sleatsjespringe’ en ‘bergbeklimme’. Lyts en âld betellet foar dizze middei mar seis euro.

Afbeelding