Cultuur en uitgaan

Winners Poëzijposter-wedstriid Dichter fan Fryslân bekend

SNITS- Bauke Vermaas, Berber Spliethof, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. De winners ûntfange €200,- en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle middelbere skoallen yn Fryslân.

Foto Reyer Boxem
Foto Reyer Boxem

Sigrid Kingma (foto) , Dichter fan Fryslân: ‘Ik bin hiel tefreden oer de ynstjoerings. Moai is ek dat de fiif bêste gedichten elk by in oar fak hearre. It doel fan it projekt is om de sichtberens fan Fryske poëzy yn it fuortset ûnderwiis te fergrutsjen. Dat ik hoopje dat de skoallen de poëzijposters in moai plakje yn de leslokalen gunne.’

Fryske poëzy nei middelbere skoallen

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, skreau de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema binnen in eksakt fak, lykas wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten sille as posters opmakke en foarmjûn wurde troch Silke Boersma.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Sjoch foar mear ynformaasje en de winnende gedichten op www.dichterfanfryslan.nl

p

Soest fan in

sirkel
de maten witte wolle
diameter
dûnsje litte mei de omtrek
brûk dan it teken, in lang geheim nûmer eins
koartwei PI

It is ferneamd, transendint, irrasjoneel, útwrydsk
en dochs tagelyk folslein normaal
want eltse desimaal
stiet der like faak yn
efter de komma in ûneinich hielal fan sifers

Mei it oantal wurden datst yn eltse rigel lêst
hat dit gedicht al trettjin desimalen ûntbleate.

Bauke Vermaas

Ierdrykskunde

 Wer in min sifer foar ierdrykskunde.

Ik begryp der neat fan.

Ik wit krekt in soad oer oare kultueren.

Let mar op hjir komt it dan.

Ik hâld fan nasy en fan bamy,

mei kroepoek en satee.

Ik bin sljocht op pizza of lasanje,

tsjin in kurry sis ik gjin ‘nee.’

Ik spylje doedelsek en djembee.

Ik bin Jodelkampioen.

Ik dûnsje de salsa en de polka

en rydt op in riksja rûn.

Ich feiere die oktoberfesten,

gean nei crismas carols hjir en dêr.

Sjit fjoerwurk ôf mei sineesk nijjier.

Yn french kissing bin ik in ekspert.

Sis no sels

Ierdrykskunde en ik binne ien.

Dit multykulturele talint

fertsjinnet in grouwe tsien!

Berber Spliethoff

Motivaasje

Hokker atoom?

Ik wit it net

want ik sjoch nei dy

Hokker gas?

In djippe sucht

do sjochst net nei my

Wer in fiif foar skiekunde

it is dochs net te leauwen?!

Dat moat ik al ferbetterje

Want miskien as ik goed op let

kin ik de gemyske reaksje

tusken ús wól berekkenje

En hawwe wy úteinlik dy gemy

dan moat ik dêrnei gau

myn bêst mar dwaan foar biology

Lara Kool-De Vries


Stille leafde

 

ik tink de hiele tiid

oan har

as ik yn ’e sliep fal

as ik myn húswurk doch

as ik nei skoalle ta fyts

har blauwe eagen

har blonde krollen

har kûltsjes yn ’e wangen

as se laket

har bloskes

as it yn de les

oer hormoanen

en fuortplanting giet

ik kin allinnich mar

nei har sjen

en hoopje

dat se my net oansprekt

bang dat der neat útkomt

as se my in beurt jout

myn biologylearares

Sietske Boonstra