Kom dat sjen! Tentoanstelling ‘150 jier Blauhúster Merke | Blauhúster Hynstedei’
BLAUHUS- Freed 9 juny hawwe de foarsitters Wiebe Rijpma (Hynstedei) en Tjalling Brouwer (Merkekommisje) de fototentoanstelling 150 jier Blauhúster Merke | Blauhúster Hynstedei offisjeel iepene.

Tentoanstelling fan: rom 400 nostalgyske jierren ’60 merke-portretten + 250 foto’s fan de Merke en Hynstedagen. Vitrinekast mei unike foarwerpen. Iepeningstiden hiel 2023: tiisdei > sneon 12.00-20.00 oere, op snein fan 14.00-20.00 oere. Tagong fergees.














