Cultuur en uitgaan

Moedich ferset sabotearre munysjetrein yn 1945

BLAUHUS- It Blauhúster 4 maaie komitee betinkt dit jier dat it ferset op 12 april 1945 in Dútske trein by Greonterp ûntspoare en ûntploffe liet.  Mar ek wat foar gefolgen dit hie foar in hjirnei ta de dea feroardielde fersetsman, dy’t dochs wer frij kaam. Dat makke doe - en noch altyd – grutte yndruk op syn húshâlding.

Foto aangeleverd
Foto aangeleverd

It ferset hie de rails yn de bocht tusken Aldegea en Hieslum sabotearre wêrtroch de swiere lokomotyf en 15 wagons mei 150 ton munysje kantelen. In pear oeren letter besketten Ingelske Spitfires de trein.

Tsjûge: ‘Ynienen feroare de rêstige polder yn in daverjende en fjoerspuiende lânsdouwe. De eksploazjes dreunden troch de hiele Súdwesthoeke’.

Fanfare Blauwhuis spilet tongersdei 4 maaie ‘Crimson Tide’, in stevich stik dat de ûntploffing fan de trein symbolisearret. Nei in koarte stille tocht, binne der taspraken troch jong en âld, krâns- en blomlizzing en nei de last post is it twa minuten stil.

De betinking is ticht by it plak wêr yn ’45 it ferset de trein ûntspoare liet; by de pleats fan de famylje Brandsma yn De Ryp efter Greonterp.

Foto aangeleverd