Sneon Junior en Senior Kloklieders aktyf yn Blauhús
Gast-kloklieder Barteld Post (15) fan Wjelsryp hat al hiel wat Fryske tsjerkeklokken let en filme: “De measten wurkje tsjinwurdich elektrysk, mar yn Blauhús moatte we sneon yn e touwen, gewéldich”! John Weel, koster fan de monumintale Blauhúster Sint Vitustsjerke, fertelt sneon earst wat oer de symbolyk fan kloklieden. Bygelyks, wêrom de iene kear mei ien klok en in oare kear mei trije klokken lieden wurdt.

Nei in lytse demontraasje, litte de tsien frijwilligers in heal oere lang harren keunsten oer Blauhús en omkriten galmje.













