Cultuur en uitgaan

Fyftichste foarstelling Tomke yn Bibletheek Boalsert

Boalsert - Woansdeitemiddei 30 jannewaris is it feest yn de bibleteek fan Boalsert. Dan spylje Riemkje Pitstra en Jetske Miedema om 16.30 oere de Tomkefoarstelling ‘Help… in oaljefant!’ foar jonge bern. En foar elkenien dy ’t Tomke en Romke aardich fine. De foarstelling is dy middei wol hiel spesjaal, want yn Boalsert wurdt de fyftichste foarstelling spile.

Afbeelding
Tegearre reizgje se de hiele provinsje troch nei pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen. En soms ek nei beukers op in basisskoalle of spesjaal basisûnderwiis. Mar dizze wike binne se te finen yn de bibleteken yn de Súdwesthoeke. Net tafallich, want it binne ‘De Nationale Voorleesdagen’. Yn de foarstelling komme Tomke en Romke yn in wintertúntsje. Hoe se dêr komme en wat se allegear belibje is fansels in ferrassing. Mar dat der spannende saken barre is wol wis. De bern bliuwe net op ’e stuoltsjes sitten! De foarstelling is skreaun troch Tomkeskriuwster Riemkje Pitstra.

Tomke en Romke ferwachtsje dat de bibleteek yn Boalsert op 30 jannewaris grôtfol rint mei bern. En dat it in prachtich Tomkefeest wurde sil!

Afbeelding