Algemeen

Bern sjogge selsmakke fûgels werom yn film

Dizze kreaasjes binne no allegear troch Sytse Jansma ferwurke yn de koarte animaasjefilm ‘Woesj’. Yn 2018 fleant ‘Woesj’ lâns de skoallen sadat de bern harren fûgels op in grut skerm sjen kinne. De bern fan de Piet Bakkerskoalle en De Súdwester wienen no oan bar. Sewaarden earst troch de makkers wer meinommen nei it ferhaal fan it boek en dêrnei seagen se harren eagen út doe’t harren selsmakke fûgels wer werom te sjen wienen yn de animaasjefilm. ‘Woesj’ giet oer in famke dat fleane wol lykas alle fûgels om har hinne. Of dat slagget is? Dat witte allinnich de bern, mar nei ôfrin wapperen alle learlingen as grutske fûgels wer werom nei harren klasselokaal.

Afbeelding
SNITS - Yn ’e hjerst fan 2016 kaam it printeboek ‘Wapper’ út as it tritichste ‘Aksjeboek foar bern’, makke yn opdracht fan Tresoar. Dêrnei binne de makkers Yke Reeder en Sytse Jansma lâns alle trettjin dielnimmende skoallen út it spesjaal ûnderwiis fan Fryslân west mei in teatrale fertelling fan it boek. Nei ôfrin gongen de bern sels oan ´e slach en makken se harren eigen ‘Wapper’ fan papier.
Afbeelding