Fete
Dy situaasje wurdt de Fryske frijheid neamd. Dy frijheid wurdt lykwols fan alle kanten bedrige. Net allinne wolle bûtenlânske hearen harren macht nei de Fryske lannen útwreidzje, ek fan binnenút is der stoarm op komst. Meikoarten sil ien fete ôfgryslik út 'e hân rinne. En it komt op in hantsjefol persoanen del om de fierdere skiednis foarm te jaan.

Untdek hoe’t dy minsken hannelen, yn dy komplekse en kritike perioade út de Fryske skiednis, yn it earste ferhaal oer de fergetten Grutte Fryske Oarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers.
Presintaasje
De feestlike presintaasje fynt plak op freed 1 febrewaris om 16.00 oere yn Museum Dokkum, Diepswal 27. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan skriuwer Willem Schoorstra. Tagelyk mei de presintaasje wurdt ek de eksposysje Fete & Grutte Pier fan Mudhoen iepene.
Oer de auteur en yllustrator: Nei syn oplieding Art&Design is Skelte Braaksma (22) yn maart 2017 útein setten as selsstannich grafysk foarmjouwer, yllustrator en striptekener. Skelte makket benammen stripferhalen, yllustraasjes, portretten en infographics. Hy hat fiif stripboeken op syn namme stean. Yn 2017 wûn hy mei de strip “Het Front” (ynspirearre op 1984 fan George Orwell) de earste priis fan it Kamper Stripspektakel.
Boekgegevens
Tekst en yllustraasjes : Skelte Siwerus Braaksma Foarmjouwing en byldbewurking : Jan Tiemersma Histoaryske korreksje : Oebele Vries













