Cultuur en uitgaan

Herdenking Pastoor Jan IJsbrand Galama in Blauhus

Blauwhuis - It Blauhúster 4 Maaie Komitee betinkt dit jier oarlochsslachtoffer âld Blauhúster Pastoar Jan IJsbrand Galama. Johannes IJsbrands Galama is 24 febrewaris 1885 berne op it Senserhûs oan de Himdyk tusken Blauhûs en Tsjerkwert. Nei it seminaarje is Jan Ysbrand yn 1910 ta pryster wijd, hy die de earste H. Misse yn syn berteplak Blauhûs. Yn de oarloch wie Galama pastoar fan de Sint Pancratius parochy yn ‘s Heerenberg.

Afbeelding
\nOp 3 augustus 1941 hat Galama ûnder de Heilige Misse in krityske iepen brief fan de Nederlânske Biskoppen foarlêzen. Pastoar Galama sei der by: “ik sil NSB’ers de sakraminten wegerje”. Galama is daliks arresteare en gefangen nommen. Letter it jier is hy oerbrocht nei konsintraasjekamp Dachau. Jan Ysbrand Galama is hjir krekt as oare gefangenen tige min behannele, hy is troch útputting op 20 juny 1942 ferstoarn. \n

It Glês yn Lead Rút mei ôfbylding fan Galama en Titus Brandsma dat foarhinne yn de Kapel fan it âlde Theresiahuis hong is restaureare wurdt 4 maaie ûnthuld en krijt in permanint plak efter yn de Blauhúster Sint Vitustsjerke. Eltsenien is wolkom, de famylje fan de Pastoar wurdt persoanlik útnoege fia de famylje Stichting Galama – Galema. \n

Programma Sneon 4 maaie

\n
    \n\t
  • 19.00 oere Heilige Misse yn de Sint Vitustsjerke wijd oan Pastoar Jan IJsbrand Galama 
  • \n\t
  • 19.50 oere Unthulling restaurearre Glêsynlead rút
  • \n\t
  • 20.00 oere Deadebetinking 
  • \n\t
  • 20.30 oere Neisit yn kafee de Freonskip
  • \n
\n Op 3 augustus 1941 hat Galama ûnder de Heilige Misse in krityske iepen brief fan de Nederlânske Biskoppen foarlêzen. Pastoar Galama sei der by: “ik sil NSB’ers de sakraminten wegerje”. Galama is daliks arresteare en gefangen nommen. Letter it jier is hy oerbrocht nei konsintraasjekamp Dachau. Jan Ysbrand Galama is hjir krekt as oare gefangenen tige min behannele, hy is troch útputting op 20 juny 1942 ferstoarn.

It Glês yn Lead Rút mei ôfbylding fan Galama en Titus Brandsma dat foarhinne yn de Kapel fan it âlde Theresiahuis hong is restaureare wurdt 4 maaie ûnthuld en krijt in permanint plak efter yn de Blauhúster Sint Vitustsjerke. Eltsenien is wolkom, de famylje fan de Pastoar wurdt persoanlik útnoege fia de famylje Stichting Galama – Galema.

Programma Sneon 4 maaie

    \t
  • 19.00 oere Heilige Misse yn de Sint Vitustsjerke wijd oan Pastoar Jan IJsbrand Galama 
  • \t
  • 19.50 oere Unthulling restaurearre Glêsynlead rút
  • \t
  • 20.00 oere Deadebetinking 
  • \t
  • 20.30 oere Neisit yn kafee de Freonskip
Afbeelding