Trûbadoersjûn yn doarpshûs Folsgeare
Folsgare – Trije bekende Fryske trûbadoers, Piter Wilkens, Marcel Smit en Gurbe Douwstra bringe op freed 12 desimber harren lietsjesprogramma ‘Trûbadoersjûn’ yn it smûke doarpshûs fan Folsgeare. Yn in hast húskeamer-achtige setting dogge de manlju in jûnfoljend programma wêryn’t elk fan de artysten solo in set mei syn eigen Frysktalich repertoire spilet en mei harren trijen de jûn ôfslute.

Dit nije programma-konsept fan Piter, Gurbe en Marcel gie yn maart 2014 yn premjêre en wurdt sûnt dy tiid alle moannen wol in kear spile earne yn de provinsje. En it publyk reageart entûsjast. Dat hat foaral ek te krijen mei it feit dat de trije sjonger/lietskriuwers by dizze jûnen de gelegenheid ha om de moaiste lietsjes út harren repertoire hearre te litten. Faak ek wurde op dizze jûnen nije lieten foar it earst foar it publyk brocht. Der is altyd wol ien fan de trije manlju, dy’t wat nijs makke hat. It giet by de Trûbadoersjûn om ‘luisterconcerten’, mei lykwols in ôfwikseljend repertoire, fan fleurich oant mankelyk. Meiinoar slute Piter, Marcel en Gurbe de jûn ôf mei ûnder oaren in tal spesjaal foar dit programma skreaune nije lieten.
It konsert set om 20.30 oere utein en reserfeare is mooglik fia reservearje@gmail.com.












