Algemeen

Blauhuster ‘It Deiboek’ wint Gouden Gurbe

BLAUHUS - Het Iepenloftspul ‘It Deiboek’, een Blauhuster bewerking van het ‘Dagboek van een herdershond, De Gouden Gurbe gewonnen voor het beste Iepenloftspul. Het was voor de jury een hele klus om uit de veertien Iepenloftspelen een winnaar te kiezen. Het juryrapport: Frisse, oan Blauhús oanpaste ferzy fan ‘Dagboek van een herdershond’. De kreaze lokaasje is fernimstich brûkt, mei ferrassende regy-fynsten lykas it brûken fan filmbylden fan ûnder oare Blauhúster heechtiidsdagen.

Afbeelding
De haadrol is foar Kapelaan Paulus Verheugd en Gretha, de dochter fan kassier Jap Galama, de frou wêr de kapelaan fereale op rekket. Njonken Pastoar Wirtz en syn húshâldster, komme Master van der Loos, bakker Obe Popma en koster Yde Bleeker wer ta libben. Krekt as pleatslike pommeranten en doarpswizen Frans Ettema, Johannes Ydema en Tjitte de Wolff dy’t lang as fergaderboeren de skepter oer Blauhûs swaaiden. Ald kassier Jap ‘bank’ Galama en boer Durk Ludema sjogge harren sels op de planken ferskinen. Ek de legindaryske âld ynwenner fan Greonterp, folksskriuwer Gerard (doe noch) van het Reve, ûntbrekt net yn dit stik. Guon sênes wurde ôfwiksele mei filmkes fan brike kaprioalen fan de kapelaan. Of lykas it yn tsjerke spyljende twadde bedriuw, it moaie loopke fan it tsjerkebestjoer, de telefoanpetearen en de skoalklasse yn de pastory, it brûken fan it Gregoriaansk en de besite fan Gerard Reve. Dat alles waard stipe troch in deeglike rolbesetting. In yndrukwekkend debút.

It Deiboek

‘It Deiboek’ is in humoristysk stik oer it libben en wolwêzen fan de roomske enklave Blauhûs yn jierren ’50 -’70 fan de foarige ieu. De skriuwer fan it stik, de Blauhúster Hartman Witteveen, hie al lang it idee om fan de populêre KRO TV searje ‘Dagboek van een Herdershond’ in Blauhúster fariant te meitsjen. Ferline jier spile ‘Jobbegea’ it orizjinele ‘Dagboek’ as iepenloftspul. Yn Blauhûs giet it oer minsken ‘fan kwizekwânsje’ dy’t hjir wier ea libben, wurken en aktyf wienen foar de tsjerke en de doarpsmienskip.

Regisseur Karin Idzenga oer ‘It Deiboek’ en de spilers: “Ik genietsje folop fan it entûsjasme fan de spilers, se binne posityf en o sa gedreven. It Deiboek is in stik mei oan de iene kant hearlike droege roomske humor en oan de oare kant de ferbeane gefoelens tusken man en frou, wêr de Kapelaan mei wrakselt. De Blauhúster tsjerke en pastorijtún binne de meast prachtige lokaasjes om dit stik te spyljen en foarmje sûnder yngrepen in unyk dekôr. Al mei al jout It Deiboek it in goed byld fan it doarpslibben en de rike roomske histoarje yn de jierren ’50 – ’70. In hearlike útdaging”.

Afbeelding