Gerben Gerbrandy kandidaat-senator FNP
Op de list foar de Earste Keamer, dêr’t de FNP fia de OSF (Onafhankelijke Senaatsfractie) meidocht, is partijfoarsitter Cees van Mourik (De Gaastmar) troch de leden as twadde keazen.

Foar it Wetterskip binne op de plakken twa oant en mei seis keazen: Yde Dijkstra fan Ljouwert (2), Bert Vollema fan Tsjom (3), Jan van der Kooi fan Ryptsjerk (4), Wietske Poelman fan Gerkeskleaster-Strobos (5) en op plak 6 Jeltsje Piersma fan Riis.
Yn de OSF sil no fia in ynterne ferkiezing in definitive list opsteld wurde foar de Earste Keamer. Mocht Gerbrandy senator wurde ‘dan is it plan foar de ôfskaffing fan de dividindbelesting fuort’, sa wie syn sizzen ôfrûne freed.













