Ferkiezings ôftraap FNP Súdwest-Fryslân: ‘Soarch, ûnderwiis en wurk op Fytsôfstân’
SUDWEST-FRYSLAN - Sneon 7 febrewaris wie de ôftraap fan de FNP Súdwest-Fryslân ferkiezingskampanje, mei as tema foar de kommene 4 jier: TICHTBY!

FNP Listlûker Tsjerk Bouwhuis: “Tichtby, dêr ha we bewust foar keazen. Wy fine it hiel belangryk dat soarch, ûnderwiis, wurk en kultuer tichtby is, en dan it leafst op fytsôfstân”.
Njonken kandidaat riedsleden wiene der sneon ek nochris 35 FNP ambassadeurs te gast yn it Bestjoershûs yn Snits. Hja binne de eagen en earen fan de FNP en ha meiwurke oan it ferkiezingsprogram. De wichtichste spearpunten binne sûnenssoarch, wenningbou, taal en kultuer en ús lânskip.
Alle oanwêzigen binne sneon ‘promovearre’ ta riedslid. De FNP ferkiezingskampanje is no offisjeel los, alles wurdt út e kast helle. Njonken filmkes, foto’s en spandoeken, komt der in spesjaal skreaun ferske mei as titel TICHTBY en in Fytsaksje troch de gemeente.
Elk wie it der oer iens: De FNP is altyd en oeral TICHTBY.
![]()












