Algemeen

FNP Súdwest-Fryslân stipet karbydsjitten

Door: Ynte Dragt

SUDWEST-FRYSLAN - Yn in soad doarpen is it karbydsjitten in fêste tradysje en giet út fan in freonegroep, dy’t meastal ek it âldjiersfeest organisearret. Om dat te stypjen dielt FNP Súdwest-Fryslân kommende wike 500 stikkers út, oan karbydploegen en oare leafhawwers, mei de tekst: ‘Ik hâld fan Karbydsjitten’.

Karbydsjitten 2025
Karbydsjitten 2025 Foto: Gemeente SWF

FNP fraksjefoarsitter Tsjerk Bouwhuis: “Karbydsjitten is in prachtige tradysje en is noch nea sa populêr west.”  Karbydsjitstikkers binne fergees en kinne opfrege wurde by de FNP troch te beljen of te appen mei 06 38909704, op is op. 

De gemeente regelt de fergunning yn nau kontakt mei de âldjiersgroepen en dy witte hoe’t sy dêrmei om gean moatte. Sjoch ek: sudwestfryslan.nl/onderwerp/carbidschieten/ 

Tekst: Sicco Rypma


Karbydstickers -Foto: FNP SWF


Foto: Karbydploech Blauhûs