Column wethouder Henk de Boer - Genietsje fan Idzegea: no en yn de takomst
SUDWEST-FRYSLAN - Jimme soene ris op in moaie maitiidsdei de fyts pakke moatte. In slach om by Heech, de Gaastmar, Aldegea en Pikesyl. As aanst it gers wer omheech komt, de bermen kleur krije en ús greidefûgels harren hearre litte. Wat kinst hjir dan hearlik fan Fryslân genietsje. We neame it de krite Idzegea en it leit der al iuwenlang rûchwei itselde hinne. It gebiet waard eartiids net gelyk as hiel weardefol sjoen, want it wie allegear fean. Te wiet en dêrom net geskikt as boulân. De krite is letter droech makke. It waard begeanber en geskikt foar melkfee.

Lykwicht tusken natuer- en ekonomyske wearden
Sa is it gebiet ûntstien wêr’t we no grutsk op binne. Autentyk mei djippere poelen en fearten dy’t de landerijen skots en skeef trochsnije. Wêr’t guon boeren al jierren dwaande binne om nei te tinken oer hoe’t we mei it lânskip omgean moatte. Troch bygelyks romte te jaan oan greidefûgels. Dat betsjut, omgean mei beheiningen. Besykje om mei it boerebedriuw in goede fertsjinst te hâlden. Troch hieltyd op ‘e nij te sjen nei in goed lykwicht tusken it respektearjen fan de âlde natuerwearden en de ekonomyske wearde fan it ûntwikkele gerslân.
Ynwenners oan it stjoer foar de takomst fan Idzegea
It bringt my by de start fan de nije Gebietskommisje Idzegea yn jannewaris 2024. In groep ynwenners fan it gebiet dy’t yn petear geane en yn de kommende twa jier in Gebietsplan meitsje. Ik mei dêr as wethâlder Lânlik Gebiet yn Súdwest-Fryslân ek yn meidwaan en meitinke. De kommisje moat oan de slach mei de takomst fan dit gebiet. Offisjeel foar it Fryske Feangreideprogramma, mar ek breder foar de romtlike ynfolling fan it Fryske plattelân. Foar Idzegea lizze der flinke útdagingen om de natuer te ferbetterjen, wetter en klimaat opinoar ôf te stimmen en romte te finen foar lânbou. Dêr binne noch al wat ambysjes. Dat ropt in soad fragen op. Falt dit ek yn ferbân te bringen mei mooglikheden en kânsen? Hoe belûke we de doarpen? Hoe kinne we de jongerein bine oan it gebiet? Wat moat der dan oars? Wenjen op it wetter?
Lânbou en de takomst fan it feanlânskip
Wy kinne ús net foarstelle dat dit gebiet sûnder lânbou fierder moat. Dêrom moatte wy neitinke hoe ‘t de lânbou yn 2050 binnen in takomstich feanlânskip derút sjen moat. It leafst mei greidefûgels en al. Watfoar gerslân heart dêr dan by? Kinne lânbou en natuer inoar fersterkje? Hokker rekreaasje soe dêrby passe? It sil allegearre net fan hjoed op moarn yngripend feroarje. Dat hoecht ek net. We wolle in lânskip dat noch jierren meikin. Dan moatte je dêr no goed oer te set. Net allinnich yn Idzegea sil der opnij sjoen wurde moatte nei de omjouwing en it lânskip. Dat moat yn hiel Súdwest-Fryslân. Sadat boeren buorkjen bliuwe kinne, wylst ynwenners noflik wenje en besikers genietsje. Neist inoar, mar ek mei-inoar.
Je moatte earne begjinne. Yn Idzegea binne se al begûn. Alfêst in moaie maitiid tawinske!
Kijk op de website van Súdwest-Fryslân voor de Nederlandse versie








