Nij Talint Orkest Top & Twel ek yn coronatiid!
Toppenhuzen - Mei in soad entûsjasme sette yn jannewaris it Nij Talint Orkest Top & Twel útein yn It Harspit. De groep muzikanten wie drok oan it learen, oefenjen en mei mekoar muzyk oan it meitsjen ûnder lieding fan Guus Pieksma. Mar nei 5 repetysjes koe troch de corona-útbraak gjin muzykles mear jûn wurde.

De muzikanten sitte no thús, mar kinne gelokkich online de muzyklessen folgje. Elke wike krije se in les fan Guus tastjoerd. Sa kinne sy oefenjen bliuwe en harren dochs noch tariede op it einkonsert. Wannear dat is, is noch net bekend.
Hoe wichtich it foar guon is dat se troch kinne mei de repetysjes, ek al is dat no thús, is te lêzen en te hearren op de webside fan Omrop Fryslân. Oan it wurd komme Guus Pieksma, Annewiep Bloem en ien fan de leden fan it Nij Talint Orkest Top & Twel, Anneke Piersma. Klik op de link foar it ferslach.
https://www.omropfryslan.nl/nijs/956161-nij-talint-orkesten-krije-online-muzykles
Bron: Top&Twel online












